NBE spilet Stravinskys opera ‘Mavra’ en parten út Tsjaikovki’s strykkwartetten
Resint ferskynd
It NBE heakket mei Stravinskys selden spile teater-fan-de-laits-opera Mavra, in opmerklike klassiker ta oan syn searje eigen opera’s. De bloedmoaie Parasha, de pystige huzaar, jaloerske mem en efter de hage gnuvende buorfrou komme foar it fuotljocht yn dizze komeedzje fan Stravinsky neffens in gedicht fan Poesjkin. Tsjaikovski, Stravinskys grutte foarbyld oan wa’t er Mavra opdroegen hat, leveret kommentaar op al dy gekkichheid mei trije oangripende parten út syn strykkwartetten.
It NBE makket al hast fyftjin jier opera yn in sels ûntwikkele ‘bûseformaat’. Begûn yn it Mozartjier 2006 mei Die Zauberflöte makke it NBE ûnderwilens njoggen produksjes dêr’t it fenomeen opera folslein by nei eigen hân set wurdt. Mei nije arranzjeminten foar blazers en sjongers, nije teksten yn it Nederlânsk en mei kostúms en dekôr út eigen wurkpleats, wurde hânsume operaproduksjes presintearre.
Programma:
Mavra – Igor Stravinsky (bewurking Jan-Peter de Graaff)
Strykkwartet Nû. 1 Op. 11 part II Andante cantabile – Pjotr Iljitsj Tsjaikovski (bewurking Wilbert Bulsink)
Strykkwartet Nû. 2 Op. 22 part III Andante ma non tanto –Pjotr Iljitsj Tsjaikovski (bewurking Wilbert Bulsink)
Strykkwartet Nû. 3 Op. 30 part III Andante funèbre e doloroso, ma con moto – Pjotr Iljitsj Tsjaikovski (bewurking Wilbert Bulsink)
Sopraan: Marieke Steenhoek
Mezzosopraan: Ruth Willemse
Countertenoar: Dave ten Kate
Tenoar: Georgi Sztojanov
Sang/spul: Johannette Zomer
Rezjy: Nynke van den Bergh
De opera wurdt û.o. opfierd yn de Stedsskouboarch yn Grins op tiisdei 8 febrewaris 2022. Sjoch op de webside fan it NBE foar de folsleine spyllist.
(NBE opera Strawinsky Grins)
L.S.,
Zijn er ook weer plannen voor live-streaming van klassieke concerten van het NNO, NBE Nederlands Kamerkoor ect.?