NASA: op syn betiidst yn 2025 earste moannelâningen

novimber 12, 2021 08:44 Fernijd

NASA hat de ambysje om wer minsken op ’e moanne te setten, mei op syn minst in jier útsteld. De Amerikaanske romteorganisaasje ferwachtet op syn betiidst fan 2025 ôf moannelâningen út te fieren.

Astronaut Harrison Schmitt op ’e moanne yn 1972 (foto: NASA/Eugene Cernan)

Dêrmei hellet NASA definityf net mear de falbile fan 2024, dy’t ûnder de foarige Amerikaanske presidint Trump steld wie. NASA-topman Bill Nelson neamt yn in parseberjocht ûnder mear it resinte juridyske skeel oer de noch te bouwen moannelâner as reden foar it opûnthâld. NASA besleat earder dit jier dat SpaceX, it bedriuw fan miljardêr Elon Musk, dy lâner bouwe mocht. Blue Origin fan Musks rivaal Jeff Bezos woe ek graach de miljarde-opdracht foar de lâner ynhelje en stapte fanwege it NASA-beslút nei de rjochter. De saak, dy’t ferline wike troch Blue Origin ferlern waard, hat it projekt yn elts gefal sân moanne opûnthâld oplevere, seit Nelson.

Neffens Nelson helpt it ek net dat it Amerikaanske Kongres net genôch jild beskikber steld hat foar it saneamde Artemis-projekt. Hy freget om struktureel en folle mear budzjet om de op syn minst tsien plande moannelâningen útfiere te kinnen. Foar de moannelâningen yn 2025 wol NASA earst noch in bemanne romteflecht sa’n 40.000 meter fierder as de moanne stjoere. Nea reizgen astronauten sa fier de romte yn. De moannemissys binne in opstap foar úteinlik bemanne missys nei Mars.

NASA sette yn 1972, mei de Apollo 17-missy, foar it lêst minsken op ’e moanne. Yn totaal hawwe der tolve manlju op ’e moanne omrûn. By de plande missys moatte foar it earst ek froulju stappen op ’e moanne sette.

novimber 12, 2021 08:44 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.