Musk: Starship begjin 2022 foar it earst de romte yn
Resint ferskynd
In prototype fan it nije romteskip dêr’t SpaceX minsken mei nei de moanne en úteinlik nei Mars stjoere wol, kin yn jannewaris of febrewaris syn earste romteflecht meitsje. Dat hat topman Elon Musk fan it Amerikaanske romtebedriuw yn in fideopresintaasje sein.

Foto: Wikipedia/SpaceX – publyk domein
SpaceX wachtet noch op tastimming fan de Amerikaanske loftfeartautoriteit FAA foar de test. Dy wurdt op syn lêst 31 desimber ferwachte. De ûnbemanne flecht sil, lykas alle eardere testflechten, fan de SpaceX-basis yn Boca Chica ôf wêze. Dat is yn it uterste suden fan Teksas.
Starship-prototype SN20 moat foar in part in baan om de ierde meitsje en dêrnei yn de Stille Oseaan by Hawaï lânje. It tastel wurdt lansearre boppe-op in raket mei de namme Super Heavy, dy’t koart nei it opstiigjen yn de Golf fan Meksiko weromfalle sil.
Eardere testflechten mei Starship-prototypen giene net heger as sa’n tolve kilometer en dy prototypes hiene noch mar trije, ynstee fan seis motoaren. Musk warskôget dan ek dat er net fuortdaliks in perfekte flecht ferwachtet. “De earste romteflecht hat in soad risiko, dat ik soe net sizze wolle dat de kâns op sukses grut is, mar ik ferwachtsje dat we in protte foarútgong boeke”, seit de romtefeartmiljardêr.
Musk hopet dat SpaceX takom jier yn totaal tolve Starship-testflechten meitsje kin, en miskien mear. Wannear’t de earste bemanne flechten pland binne, is net bekend. In bemanne flecht om ’e moanne mei ûnder oare de Japanske miljardêr Yusaku Maezawa sil op syn betiidst yn 2023 wêze. Starship moat, as de ûntwikkeling fan it tastel suksesfol ferrint, úteinlik ek minsken nei Mars bringe en kin ek fungearje as sneltsjinst tusken plakken op ierde. In flecht tusken Londen en New York soe likernôch in healoere duorje.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje