Moderna ferwachtet dat faksins minder effektyf binne tsjin omikronskaai

novimber 30, 2021 09:12

De besteande koroanafaksins binne nei alle gedachten minder effektyf tsjin it omikronskaai as tsjin eardere skaaien fan de goarre. Dat tinkt de direkteur fan farmaseut Moderna, Stéphane Bancel. Hy ferwachtet dat it noch moannen duorje sil foar’t faksinmakkers op grutte skaal prippen foar nije skaaien produsearje kinne en warskôget dat it riskant is om de folsleine faksinproduksje op omikron te rjochtsjen, wylst der noch oare skaaien omwaarje.

Foto: GGD

“Der is gjin wrâld, tink ik, dêr’t de effektiviteit op itselde nivo leit as tsjin delta”, seit Bancel tsjin de Financial Times. “Ik tink dat der in flinke delgong wêze sil. Ik wit ienfâldichwei net hoe slim, mei’t we op de data wachtsje moatte. Mar alle wittenskippers dêr’t ik mei praat ha, sizze: “It liket net goed.”

De direkteur fan Moderna is gâns negativer oer de kânsen fan de besteande faksins foar it omikronskaai as oare farmaseuten. Juster klonk Pfizer-bestjoerslid Scott Gottlieb noch optimistysker. “Yn faksinaasjefermiddens is der aardich wat betrouwen yn dat pasjinten nei yn elts gefal trije doases in ridlik goede beskerming tsjin it nije skaai hawwe”, seit er tsjin de Amerikaanske sakestjoerder CNBC.

Moderna-direkteur Bancel sei mei klam dat wittenskippers noed hawwe mei’t 32 fan de fyftich mutaasjes dy’t yn de omikronfariant fêststeld binne, feroaringen oan it spike-aaiwyt binne. De besteande faksins rjochtsje har just op dy útsteksels fan de goarre. Neffens Bancel hiene deskundigen in sa slim mutearre skaai fan de goarre pas oer in jier as twa ferwachte.

novimber 30, 2021 09:12
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.