Moarnsspits rêstiger nei nije maatregels

novimber 15, 2021 08:46

Foto: pixabay.com

Op ’e earste wurkdei dat it oanskerpe thúswurkadvys fan krêft is, is it oan it begjin fan de spits rêstiger op ’e dyk. Om 8.00 oere hinne stie der neffens de ANWB sa’n 92 kilometer file.

“Der is yndie in effekt fan it thúswurkadvys te fernimmen”, seit Jolanda van der Velden fan de ANWB. “Der stiet minder file as de ôfrûne moandeis.” Freed kaam it demisjonêre kabinet mei it oanskerpe advys om safolle mooglik thús te wurkjen. Rykswettersteat spruts dêrnei de ferwachting út dat de spitsen tenei in stik rêstiger ferrinne sille.

novimber 15, 2021 08:46
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.