Minste houliken yn Fryslân yn 2020

novimber 27, 2021 09:20

Yn Fryslân binne ferline jier relatyf sjoen de minste ynwenners yn it houliksboatsje stapt. Yn 2020 waarden 2,2 houliken op tûzen Friezen sletten, wylst der lanlik 2,9 houliken op tûzen Nederlanners sletten waarden. Dat konkludearret ThePerfectWedding.nl yn in ûndersyk nei boaskjen yn koroanatiid op basis fan eigen gegevens en data fan it CBS.

Foto: pixabay.com

Yn ferhâlding measte houliken op Flylân
Op Flylân joegen relatyf sjoen de measte ynwenners it jawurd. Op tûzen ynwenners waarden der nammentlik 5,1 houliken sletten. Yn Harns wie it oanpart houliken it leechst: 1,7 brulloften op tûzen ynwenners.

Yn seis gemeenten op syn minst ien moanne sûnder brulloften
Yn seis Fryske gemeenten waard op syn minst ien moanne lang gjin inkeld houlik sletten. Dat jildt benammen foar de Waadeilannen. Op Flylân en Skiermûntseach waard sels yn fiif moanne gjin inkeld jawurd jûn. Yn dy gemeenten stapten yn hiel 2020 sa’n tweintich breidspearen yn it houliksboatsje. Yn Ljouwert waard it faakst boaske, nammentlik 260 kear.

Oanskerping koroanamaatregels: brulloften wer útsteld
Troch de maatregels dy’t 13 novimber yngiene, smyt 40,5 fan de breidspearen harren trouplannen wer om. Wat mear as de helte fan dy breidspearen kiest derfoar om harren troudei oan de jildende maatregels oan te passen, mar in protte ferskowe de brulloft hielendal. In fearn fan de plande brulloften is ûnderwilens fanwege koroanamaatregels twa kear of faker ferskood.

novimber 27, 2021 09:20
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.