Mezoeza

novimber 13, 2021 15:00

Mezoeza. Foto MV

Omjûn troch de stilte fan in plein yn Ljouwert stiet in fertikale pylder foar de âlde Joadske skoalle oer, in nijsgjirrich byld dat in Mezoeza útbyldet.

De Mezoeza bestiet út santjin ringen mei tekst oan de foarside fan de tsjerke-gearkomste op 8 desimber 1942 en fierder derûnder in Davidsstjer as teken fan in goede takomst. Oan de oare kant de nammen fan de strjitten yn de oarspronklik Joadske wyk de Put, dêr’t in soad razzia’s, ek wol pogroms neamd, holden waarden.

Eigentlik is in mezoeza in kokerke dat op de rjochter doarstile oanbrocht wurdt yn bywezigens fan ûnder oaren in geastlike, dêr’t it in Joads hûs troch neamd wurde mei. De koker befettet nammentlik in perkamint mei gebod en gebed.

Fierder, as symboal fan de ûndergong fan it Joadske folk, stiet oan ien side in kleimuorre en heaks dêrop in nij monumint, resint ûntbleate, mei tekst en útlis en de 542 nammen fan Joadske minsken dy’t yn de Dútske kampen yn de Twadde Wrâldoarloch stoarn binne. Makke troch Saskia van Montfort op inisjatyf fan ûnder oaren Auke Zeldenrust.

Nij monumint mei û.m. de nammen fan 542 Joadske slachtoffers. Foto MV

Joadske skoalle. foto MV

De âlde Dusnusskoalle, oan de A.S. Levinssonstrjitte 38, waard fan 1886 oant 1943 ta brûkt om ûnderwiis te jaan oan Joadske bern. Dat hold yn de oarloch op, omdat der gjin bern mear komme koene. De skoalle giet dêrom ticht. Oan de bûtenkant stiet yn de muorre in Hebriuwske tekst, dy’t betsjut: It bern is der net mear.

Koartlyn wie der, yn it ramt fan de opfiering fan ‘De Joadske Brulloft’, earst in rûnlieding organisearre fan de skoalle út. Yn groepen mei in gids by de monuminten lâns en dêrnei in kuiertocht troch de âlde Joadse wyk de Put, mei útlis en bysûnderheden fan de bewenners en de middenstân fan doedestiids. Om úteinlik te kommen yn Sealen Schaaf, dêr’t De Joadske Brulloft presintearre waard. In kombinaasje fan toaniel, sang, dokumintêre en fansels it ferslach fan it houlik. In prachtich ferhaal oer twa minsken dy’t de oarloch mei in soad tsjinslaggen en lijen wol oerlibbe hawwe.

By einbeslút koe elkenien in lyts betinkingsstienstje dellizze ta neitinken oan de stoarne minsken.

Betinkingsstientsjes. Foto MV

Matthijs Verkuijl

novimber 13, 2021 15:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.