Mearderheid Nederlanners wol Swarte Pyt hâlde

novimber 11, 2021 21:44
Foto: Wikipedia / Sander van der Wel (Creative Commons)

Hoewol’t de mearderheid net mear sa grut is as in pear jier lyn, hat de tradisjonele Swarte Pyt noch hieltyd de measte oanhingers ûnder de ynwenners fan Nederlân. 56 persint is perfoarst tsjin in helper mei in oar uterlik.32 persint is krekt tige op Swarte Pyt tsjin. Dat docht bliken út in grut ûndersyk fan EenVandaag ûnder goed 32 tûzen minsken.

De foarstanners wize derop dat Swarte Pyt in weardefolle tradysje is en dat minsken mei swartmakke antlit folle minder maklik werom te kennen binne as minsken mei in oare fermomming. De tsjinstanners beskôgje Swarte Pyt as rasistysk of wolle de minsken temjitte komme dy’t him as rasistysk beskôgje. De twiveljende groep wol foaral fan de oanhâldende diskusje ôf.

De roetsnútpyt dy’t by de Nederlânske lanlike yntocht te sjen is, is ek ûnderwerp fan diskusje. 46 persint fan de minsken kin dêr as it moat mei libje, wylst 45 derop tsjin is. Fan dy lêste groep fynt in part dat de roetsnútpiten tefolle op swarte piten lykje, wylst se foar oaren tefolle fan de tradysje ôfwike.

Dochs liket de mearderheid by de NOS en by hieltyd mear yntochten net syn sin te krijen. De roetsnútpyt is hieltyd mear te sjen en de tradisjonele swarte piten hieltyd minder, wylst oare helpers, lykas sjerpwafelpiten, reinbôgepiten en grize piten amper neifoling krige hawwe. Aspirant-omrop ON organisearret in alternative, tradisjonele yntocht, dy’t op YouTube te sjen wêze sil.

novimber 11, 2021 21:44
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.