Manlju wurde eftersteld by sollisitaasjes, frouljusdiskriminaasje blykt net te bestean

novimber 5, 2021 12:40
Foto: Unsplash

It is lestich foar manlju om in baan te krijen dy’t foaral troch froulju útoefene wurdt. Manlju dy’t sollisitearje op in baan efter de kassa of as resepsjonist, meie folle minder faak op petear komme as froulju. Oarsom wurde froulju yn beroppen mei foaral manlike kollega’s net eftersteld.

Dat docht bliken út ûndersyk fan de Amsterdamske wittenskipper Bram Lancee. Mei kollega’s fan ferskate bûtenlânske ûndersyksynstituten is er neigien oft bedriuwen en ynstellings diskriminearje. Dat hawwe hja dien troch sabeare sollisitaasjebrieven op besteande fakatueres te ferstjoeren, mei ferlykbere cv’s derby, mar út namme fan sawol manlju as froulju.

It die bliken dat manlju yn fjouwer fan de seis ûndersochte lannen dúdlik minder kâns meitsje op in baan mei froulike kollega’s as froulju. Dy lannen binne Nederlân, Dútslân, Spanje en it Feriene Keninkryk. Yn Noarwegen en de Feriene Steaten koene de ûndersikers gjin spoar fan diskriminaasje fine.

“Us ûndersyk docht útwizing dat men net samar oannimme mei dat froulju op ‘e arbeidsmerk diskriminearre wurde”, seit ûndersykster Gunn Elisabeth Birkelund fan de universiteit fan Oslo. Hja seit der wol by dat yn it ûndersyk allinnich sjoen is nei fakatueres foar minsken dy’t krekt begjinne op ‘e arbeidsmerk. Hja slút net út dat by fakatueres mei mear ferantwurdlikheid oare prosessen spylje kinne.

In ferslach fan it ûndersyk is publisearre yn it tydskrift European sociological review. It is hjir te lêzen.

novimber 5, 2021 12:40
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.