Makket ús mienskip siik?

novimber 7, 2021 07:00 Fernijd

Oertinking

Erflikheid sil ek ynfloed ha op psychysk siik wurden, mar ús maatskippij spilet grif in rol mei. It hastige, jachtige libben, de twang om mear te prestearjen, de sucht nei it materiële makket minsken siik. Massa’s minsken kinne it tempo net byhâlde. Der is safolle konkurrinsje en sa’n bytsje koöperaasje. Tagelyk libje minsken folle minder yn mienskippen lykas húshâlding, famylje, tsjerke en buert. En krekt yn sokke mienskippen belibbet men dat dielde blidens, dûbele blidens is, mar benammen dat dield fertriet, heal fertriet is.

Yn in soad wurksituaasjes regearret kâld management-tinken en is in minske like ferfangber as in ûnderdiel fan in masine. En gjin meilijen mei in healen-ien. In wurknimmer wurdt siik om’t it bedriuw siik is, in learaar wurdt oerspand om’t it klimaat op skoalle freeslik is. It iene is gefolch fan it oare. Wa’t him akseptearre fielt, kin akseptearje. Dat is it betingst om feroarje te kinnen.

Yn it leauwe giet it faak oer de bekearing fan minsken. Yn de Bibel giet it ek om de bekearing fan struktueren. De struktuer fan in ûndernimming, fan in skoalle of in organisaasje heart sa te wêzen dat minsken ta har rjocht komme en sa gelokkich mooglik binne. It giet om genêzing fan it sike (Lukas 9:2 en 11).

Dêr doelt Jezus op as Er it hieltyd wer oer it ‘Keninkryk fan God’ hat. Dat set ik oer mei: ‘op de manier fan God’. Jezus wol dat wy dêr prioriteit oan jouwe. Dêr bidde wy om as wy sizze: Lit jo Ryk komme. Want: “It keninkryk fan God is ûnder ús” (Lukas 17:21).

Lêze: Lukas 9:1-6, 10 en 11

ds. Doede Wiersma

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, dat by de KFFB te bestellen is foar de ledepriis fan
€ 19,50. (
boekeklub@kffb.nl, 06-5168 1577)
novimber 7, 2021 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.