LTO Noard: Lit boeren en túnkers sels (grien) gas opwekje

novimber 9, 2021 08:47

Nederlân ferkeart op it stuit yn in gaskrisis. De measten ûnderfine de gefolgen en ôfhinklikheid fan bûtenlânske gasproduksje. De tige hege gasprizen soargje foar hieltyd mear problemen by sawol (boere)bedriuwen as by konsuminten. Boeren hawwe dêr kreative oplossingen foar. Hja kinne nammentlik grien gas út dong produsearje. Njonken dat dêr huzen mei ferwaarme wurde kinne, wurdt der ek útstjit fan stikstof en CO2 mei fermindere. LTO Noard ropt oerheden op om boeren en túnkers dêr de romte yn te jaan.

Foto: LTO Noard

“Mei de produksje fan grien gas slane we trije miggen yn ien klap. Troch sels grien gas te produsearjen, binne we as lân minder ôfhinklik fan oare lannen. Ynstee fan gas út fossile brânje te winnen, leverje boeren boppedat grien gas makke út dong. It gas dat wûn wurdt is in duorsum alternatyf om bygelyks gebouwen mei te ferwaarmjen. En mei de produksje fan grien gas wurdt emisje fan stikstof en CO2 fermindere. It is dus in win-win-win”, seit LTO Noard-bestjoerder Nico Verduin.

It proses om fan dong grien gas te meitsjen, wurdt ek wol ‘dongfergêsting’ neamd. Dêrby wurdt de dong troch ferwaarming yn gas omset. Op it stuit is it tal boeren en túnkers dat grien gas út dong hellet noch frij beheind. It giet om inkelde tsientallen boeren yn Nederlân. Dochs kinne der grutte stappen makke wurde as de oerheid in helpende hân tastekt. Ynstallaasjes om grien gas te produsearjen binne kostber en it is dêrom wichtich dat de oerheid dêryn ynvestearret. “Wy wolle as lân ek minder ôfhinklik fan gas út it bûtenlân wurde. Dan is it in goede en duorsume oplossing om dêr as oerheid yn te ynvestearjen”, seit Verduin.

750 hûshâldens
Melkfeehâlder Jan Dirk Ubbels út Jelsum hat al sûnt 2005 in biogasynstallaasje en produsearret dêr grien gas mei. Dêr kinne likernôch 750 húshâldens yn Ljouwert fan gas mei foarsjoen wurde. Ubbels: “Wy wolle as melkfeebedriuw meibewege en in bydrage oan in sûner klimaat leverje. Yn Grinslân mei gjin gas mear pompt wurde. Dêr komt noch hieltyd mear enerzjykrapte troch en wurdt it gas djoerder. Grien gas wurdt fan ôffal makke en dêrmei is dat dus better foar it klimaat. Dat is de reden wêrom’t we keazen ha om ynvestearringen yn de dongfergêster te dwaan. De besteande ynstallaasje is yn 2017 omboud en sûnt dy tiid produsearje we grien gas. It is in hiele grutte ynvestearring en de earste tsien jier wiene gewoan net rendabel. Wy koene gebrûk meitsje fan in subsydzjeregeling fan de oerheid, mar dochs kostet it noch jild. As de oerheid mear ynvestearje soe, tink ik dat mear boeren en túnkers grien gas produsearje soene”, seit Ubbels. Yn de gasynstallaasje giet de dong fan 140 kij en rêstôffal fan bouboeren út de omkriten.

Griene enerzjy
Boeren en túnkers yn Nederlân dogge manmachtich mei oan it opwekjen fan griene enerzjy. Hast de helte fan de boeren en túnkers wint duorsume enerzjy. Dat wie tsien jier lyn noch tsien persint. Dêrnjonken nimt 95% fan de boeren en túnkers maatregels om enerzjy te besparjen.

novimber 9, 2021 08:47
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.