Liet 2021 giet troch

novimber 15, 2021 08:08

Nettsjinsteande de nijste koroanamaatregels giet Liet 2021 troch op woansdei 17 novimber 2021. Yn de finale stean sân akts mei dêrneist noch trije crossovers. 

Foto: Liet

It Fryske sjongfestival wurdt dit jier op woansdei 17 novimber hâlden yn poppoadium Neushoorn yn Ljouwert. Spitigernôch ek dizze kear sûnder publyk, mar wol mei in live-útstjoering op Omrop Fryslân. De live-útstjoering begjint om 20.00 oere.

Foar it earst sil der in online stimming foar it publyk wêze. Dy giet iepen as alle sân akts optreden ha. It publyk kin dan thús syn stim op de webside fan Liet útbringe. De publyksstim is it fiifde sjuerylid. De oare fjouwer sjueryleden binne Nick Veenstra, Ella de Jong, Sigrid Kingma en Wytse Dijkstra.

“We ha in dreech jier achter de rêch, dat jildt ek foar de muzikanten”, seit foarsitter Gerard van der Veer fan Liet. “Mar de muzikanten ha net stil sitten, blykt út de ynstjoeringen. We binne der wiis mei dat de Fryske muzyk libbet.”

Foto: Liet

De dielnimmende finalisten binne Adri de Boer, Sequens, The Lone Wolf, Fokko Jan van der Ploeg, Volk!!, 2nd TRY en Rene de Jong, Lars Mulder en band.

De trije crossovers binne Willy Darktrousers (Emiel Joorman) & Marije de Vries, Faske (Fasil Kuipers) & Ginge (Renée Rijpstra) en Iris Kroes & Wander Kars.

novimber 15, 2021 08:08
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.