Lêste konsert Fokaal Trijelûk 2021

novimber 23, 2021 10:28

Rixt van der Kooij (foto Till Schmitz)

Kommende snein, 28 novimber, wurdt yn Ljouwert it lêste konsert fan it Fokaal Trijelûk fan dit jier jûn. Mei as tema Striid fertelle twa sjongers – Heleen Bongenaar en Max Bruin – spannende ferhalen. Dêromhinne spilet Rixt van der Kooij pianomuzyk út de lette romantyk. It sjenre is melodrama en dat is yn Nederlân sa goed as nea te hearren.

It konsert wurdt jûn yn de Fermanje oan de Wurdumerdyk 18 en it begjint om 15.00 oere. Plakken kinne reservearre wurde troch in mail nei info@vocaaldrieluik.nl te stjoeren. De QR-koade wurdt kontrolearre.

Yn 2022 komt Rixt van der Kooij mei in Twalûk: Ald en nij, ek wer op sneintemiddei yn de Ljouwerter Fermanje. Op 27 februari 2022 wurde Fryske lieten fan Rixt van der Kooij oer lânskip, leafde en ôfskied útfierd troch Carina Vinke, alt en Rixt van der Kooij, piano.

Op 6 maart bringe de bariton Daniël Hermán Mostert en de pianiste Rixt van der Kooij de ferneamde lietesyklus Winterreise fan Franz Schubert yn de Fryske oersetting fan Atze Bosch en Bernard Smilde.

novimber 23, 2021 10:28
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.