Lale Gül wint NS Publykspriis mei ‘Ik ga leven’

novimber 18, 2021 09:49

It boek Ik ga leven fan Lale Gül is de winner fan de NS Publykspriis wurden. Der waarden goed 210.000 stimmen útbrocht. Dat is in rekôrtal. It boek fan frou Gül krige 32 persint fan de stimmen. Dat waard woansdeitejûn bekendmakke yn de praatsjo M fan de KRO-NCRV op NPO 1.

Lale Gül (boarne: Utjouwerij Prometheus)

“Ik hie it hielendal net ferwachte eins”, sei frou Gül nei it buorkundich meitsjen. “Ik wurdearje it echt tige. Ik wit efkes net wat ik sizze moat. It is in grutte eare.”

Yn har boek uteret frou Gül har kritysk oer it Turksk konservatyf-islamityske fermidden dêr’t se yn opgroeid is. Nei oanlieding fan har boek waard se wikenlang bedrige fia ynternet en moast se ûnderdûke. Fanwege de bedrigingen waard in 19-jierrige man yn Noard-Brabân oppakt. Hy waard ta tolve moanne jongereindetinsje feroardiele.

Minsken koene oant 19.30 oere woansdeitejûn noch op harren favorite boek stimme. De earste haadstikken fan de nominearre boeken waarden de ôfrûne wiken ûnder mear fia boekhannels, biblioteken en de trein ferspraat. Se wiene ek online te finen. Oare nominearre boeken wiene Bonuskind fan Saskia Noort, Derksen fan Michel van Egmond en Antoinnette Scheulderman, Martien fan Jan Dijkgraaf, Opgewekt naar de eindstreep fan Hendrik Groen en Wen er maar aan fan Maike Meijer.

Frou Gül kriget in jildbedrach fan 7500 euro en in skulptuer fan Jeroen Henneman en se mei in jier lang earsteklas mei de trein reizgje. Ferline jier wûn De meeste mensen deugen fan Rutger Bregman.

novimber 18, 2021 09:49
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.