Kneppelfreed, de striid is noch net wûn

novimber 25, 2021 16:10

Der is yn santich jier in soad berikt foar it Frysk. Dat is lykwols gjin reden om de striid op te jaan. Der moat mear dien wurde wol ús lytse taal oerlibje.

Pier Bergsma

“Wat is jouw paradijs? Jouw gedroomde samenleving? Honderd dagen lang laten creatieve denkers en slimme doeners met installaties, exposities, gesprekken en voorstellingen zien hoe de wereld draait. Ze leggen oude tradities en nieuwe toekomstbeelden bloot. Ze moedigen ons aan om een goede voorouder te worden.”

Sa begjint de side oer it Arcadia-projekt, dat fan 7 maaie oant en mei 14 augustus 2022 yn Fryslân holden wurdt. It is in ferfolch fan Ljouwert Fryslân Kulturele Haadstêd 2018. Mei it tige profesjonele ‘bidbook’, dêr’t it wurd ‘mienskip’ prominint brûkt waard, koe it doe stêden as Maastricht en Eindhoven ferslaan. Foar Arcadia binne spesjale projekten betocht, lykas ‘Bosk’, dat giet om in bewegend bosk troch Ljouwert en ‘Paradys’, oer it parklânskip fan Oranjewâld. Fansels wurdt it wurd ‘mienskip’ brûkt. Dôchs binne de Fryske wurden hast op de fingers fan twa hannen te tellen: ‘Fryslân it bêste lân fan d’ierde’, de projekten ‘Bosk’, ‘Paradys’ en ‘Iis’, Theatergroep Tryater spilet ‘Under wetter’.

De ynformaasje oer it Arcadia-projekt is ek beskikber yn it Ingelsk. Ik freegje my ôf hoefolle Ingelsktaligen it lêze sille, trijehûndert, trije tûzen of tritich tûzen? Al wiene it trijehûndert, it Ingelsk wurdt mei rjocht brûkt, mar it is ûnbegryplik dat de ynformaasje net yn it Frysk beskikber is. It giet om de trijehûnderttûzen ynwenners fan ús provinsje foar wa’t it de memmetaal is. Minister Ollongren hat gelyk as se yn de Ljouwerter fan 16 novimber seit: “ De takomst fan de taal hinget fan de Friezen sels ôf.” Dat is wier, mar fan in troch de provinsje subsidiearre projekt soe men ferwachtsje dat dêr it Frysk brûkt wurdt neist it Nederlânsk en it Ingelsk, benammen mei dy ferwizing nei ‘mienskip’.

Yn it kommentaar fan dyselde Ljouwerter fan 16 novimber skriuwt haadredakteur Warmerdam dat de klappen fan santich jier lyn ûnderdiel wienen fan in folle langer duorjende striid. Dat is sa, mar it wurdt heech tiid om dúdlik te meitsjen dat de striid net striden is. Dat Arcadiaprojekt is ien fan de withoefolle foarbylden fan hoe’t it dus net moat. Jawis, wy hawwe Omrop Fryslân, wy hawwe wetlike mooglikheden om it Frysk oeral te brûken, it Frysk wurdt jûn op skoallen, kinst tsjintwurdich oeral Frysk prate sûnder dat in ûnnoazele freget oft it ek “in gewoon Nederlands kan”.

Mar it sjocht der net goed út foar de takomst. Rin mar ris oer de skoalpleinen fan eartiids folslein Frystalige doarpen. Wy rêde lytse talen net troch ûnderwiis en wetten allinne. It giet benammen om gebrûkswearde en dy is foar it Frysk fierstente lyts. De oerheid hat de mooglikheid om dêr it goede foarbyld yn te jaan. Yn soarch, ûnderwiis en oerheid soe it net mear as normaal wêze moatte dat minsken dêr ús twadde rykstaal behearskje.

It talige lânskip foar it Frysk is earmoedich. De sichtberens is lyts. Dêrom moatte de provinsjale en gemeentlike oerheden easken stelle oan it brûken fan it Frysk en ophâlde mei harren sleauwe belied en dan mar hoopje dat de Friezen sels ek minder sleau wurde. It yn ’e kont hingjen fan guon skoallen is begryplik. Wêrom soest safolle tiid besteegje oan in taal dy’tst net nedich hast om yn dizze provinsje te oerlibjen of dy’t yn it deistich libben amper te sjen is? Dochs leit just dêr in wichtige opdracht foar it fuortset en beropsûnderwiis yn ús provinsje. Dêr moat it Frysk in ferplichte fak wurde.

Jawis, der is nei santich jier in soad berikt. Op de Fedde Schurerlêzing fan sneon 27 novimber sil dat ûnderstreke wurde. Mar tefreden binne wy net. Om op dy ‘gedroomde samenleving’ fan Arcadia werom te kommen: dy ‘voorouders’ dy’t se neame, sille har yn it grêf omkeare by it sjen fan it taalgebrûk fan dizze organisaasje. Ik bin der wis fan dat de Ried fan de Fryske Beweging en mei ús in soad Friezen pas echt yn dat ‘Paradys’ fan Oranjewâld leauwe, as se dêr by de supermerk op de Friesland-Campinapakken ‘molke’ en ‘sûpe’ stean sjogge.

Dizze bydrage stie op freed 18 novimber yn de Leeuarder Courant. De bygeande advertinsje komt ek út de LC.
novimber 25, 2021 16:10
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.