Keramykmuseum Prinsessehof presintearret nij wurk fan Meekyoung Shin

novimber 27, 2021 08:42

Mei yngong fan hjoed, 27 novimber 2021, is yn it nasjonale Keramykmuseum Prinsessehof yn Ljouwert de útstalling EKWC@Princessehof: Meekyoung Shin. Dy lit nij wurk sjen fan Meekyoung Shin (Súd-Korea, 1967). De keunstner siket dêr de grinzen yn op tusken natuer en keunst. Foar har nije Megalith Series liet se har ynspirearje troch de skepping fan stien út klaai. Frou Shin makke it wurk yn it Europeesk Keramysk Wurksintrum yn Oisterwijk.

Meekyoung Shin (foto: Luuk Smits)

It nije wurk, besteande út losse objekten, is ta stân kommen troch klaai te foarmjen, bûgen, skjirjen en bakken. Dêr ûntstiet in materiaal troch dat op âlde mineraalstien liket. Dêr foarme Shin rotsformaasjes fan. Mei klaai hat de keunstner in universeel bousel makke dat de grinzen fan it materiaal oant it uterste test, sawol âld as nij is, en sawol eastersk as westersk.

Meekyoung Shin
Meekyoung Shin studearre oan de Seoul National University en London’s Slade School of Art, dêr’t se har spesjalisearre yn byldhoukeunst. Har wurk wie te sjen yn talleaze soloútstallingen oer de hiele wrâld, ûnder mear yn it British Museum (2007) en by gelegenheid fan de Biënnale fan Venetië (2011). Se krige de Prudential Eye Award foar ‘Best Emerging Artist in Sculpture’ yn 2015 en yn 2013 waard se nominearre foar de Korean Artist Prize. Meekyoung Shin wennet en wurket sawol yn Seoul as yn Londen. Yn 2017 wie se al yn it Prinsessehof te sjen mei replika’s fan Aziatysk porslein, makke fan sjippe, yn de útstalling In Motion: Ceramic Reflections in Contemporary Art.

De eksposysje is oant en mei 31 july 2022 te sjen.

novimber 27, 2021 08:42
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.