Katalaansk regear ferset him tsjin ferplichte Spaansktalige lessen
Resint ferskynd

It ûnderwiis op Katalaanske skoallen wurdt yn it Katalaansk jûn. It Spaansk is der wol in fak, mar it is, mei in pear lytse útsûnderings, net de fiertaal op skoalle. Dat is al sûnt 1983 sa. Neffens ûnderwiissaakkundigen is it de iennichste wize om bern goed twatalich te krijen. Bûten de skoalle is it Spaansk dominant en op skoalle is dat Katalaansk, sadat bern dy taal ek faak genôch tsjinkomme.
Dat is net elkenien nei it sin. Spaansktalige ymport klaget gauris oer it taalbelied op skoallen en de Spaanske oerheid bemuoit him der ek mei. Yn 2020 oardiele in Spaanske rjochter dat der ek skoallen komme moasten mei mear Spaansk as fiertaal. De heechste Spaanske rjochtbank befêstige dat oardiel ferline wike en die de útspraak dat op syn minst in fearn fan alle ûnderwiistiid de fiertaal Spaansk wêze moast. Mei minder tiid soe it Spaansk net in folweardige skoaltaal wêze, seine de rjochters.
It Katalaanske regear wiisde derop dat troch de ymport in protte leararen no al faak Spaansk tsjin learlingen prate, wylst dat net it offisjele ûnderwiisbelied is. Likernôch de helte fan de leararen ferbrekt him geregeld, sa die bliken út ûndersyk. As it Spaansk in offisjele fiertaal op skoallen wurde soe, soe it Katalaansk noch mear ûnder druk komme, sei de Katalaanske presidint Pere Aragonès.
It Katalaanske regear ropt alle skoallen yn Kataloanië op om de útspraak fan de rjochter te skouderjen en it Katalaanske taalbelied te hanthavenjen.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje