Jongfryske Mienskip freget Fryske Steaten om Rojova te erkennen
Resint ferskynd
Ferline wike (27 oktober) berjochten wy dat Kataloanië de noch nije Koerdyske steat Rojova erkend hat (Katalaansk parlemint erkent Koerdyske steat Rojava | It Nijs).
No freget de Jongfryske Mienskip (JFM) oan Provinsjale Steaten fan Fryslân om Kataloanië dêryn te folgjen en erken Rojova ek. De JFM wiist de Steaten derop dat it net de earste kear wêze soe as Fryslân soks dwaan soe. Op 26 febrewaris 1782 naam Provinsjale Steaten ommers it beslút om de Feriene Steaten fan Amearika as soevereine steat te erkennen.
JFM: “De provinsje Fryslân ûnderskiedt him fan de oare Nederlânske provinsjes omdat allinnich yn de provinsje Fryslân in net–Nederlânske autochtoane minderheid wennet (yn Fryslân wurdt it Frysk troch de mearderheid fan de bewenners praat). Dy bysûndere posysje freget om in bysûndere polityk. As jo it foar de minderheden opnimme, meitsje jo josels net altiten populêr. Soks freget wiisheid, goed belied en moed. Wy tinke dat dy trije eigenskippen passe by it karakter fan de Steaten fan Fryslân.”
De brief dêr’t de JFM fan freget om dy yn Provinsjale Steaten te besprekken en nei oanlieding dêrfan Rojova as autonome dielsteat te erkennen is hjir te lêzen.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje