Jan Schokker: Kamûflaazjefûgel

novimber 27, 2021 07:00

Kollum

De hiele simmer hawwe se der net west en ynienen sitte se der wer, de ûlen yn de krystbeam fan de buorlju. De beam hie der om my wol ôf kinnen. In beam fan neat, hol en foarmleas as krysttiid sels en it hiele jier struit er biljoenen nullen. Hy hat mar ien reden fan bestean en dat is dat er in part fan it jier ûnderdak jout oan ús ûlen. Mar ja, úteinlik ha se hjir ek net folle beskerming.

Lykwols, se binne der wer en ik bin der bliid mei! Ik begjin omraak te wiuwen, rop in pear kear ‘wolkom, tige wolkom freonen!’ en sprek fol fjoer de hoop út dat de twa fûgels dizze kear mar tige lang bliuwe meie. Fan myn eardere djipgeande en ûnderhâldende petearen mei dy bysûnder wize fûgels haw ik op ’t lêst in soad opstutsen!

Dan wurd ik ynienen gewaar dat dy iene ûle dêr net itselde mantsje wêze kin as dy fan ferline jier. Dizze ûle is smeller en liket folle jonger.
‘Frou ûle,’ freegje ik, want hjir moat ik mear fan witte fansels, ‘ha jo op in datingsite foar ûlen wat jongers opdien of kom ik hjir no yn de kunde mei jo neiteam?’
‘Wat wol dy nuvere man, mem?’ freget de smelle ûle.
‘Net op reagearje, Elske. Hy kin ús hjir net sitten sjen.’
‘Tink it wol’, seit de jongste.
‘Wy ûlen sitte hjir folslein yn kamûflaazje, wy ha in skutkleur, hè. Hy kin ús hjir wier nét sjen!’ hâldt de mem ûle koppich fol.
‘Hy praat ommers tsjin ús’, seit Elske, like eigensinnich.
‘Alde minske-mannen prate tsjin beammen, âlde minske-wyfkes tsjin keamerplanten.’
‘Tsjee,’ seit Elske, ‘wat bernich!’

De hiele fierdere dei sizze de beide ûlen neat mear, se sitte inkeld wat te slûgjen. Eartiids joech my dat in hopen argewaasje. De hiele godgânske dei neat dwaan, wat in weismiten tiid! Oare fûgels binne oan ien tried wei waaks, draaie allegeduerigen mei de kop en de eagen, klear om te hanneljen by driigjend ûnheil. Us ûlen dêrfoaroer sette harren as boeddhabylden te plak op in hege tûke, dogge in slûchje dat in heale dei duorret en hawwe blykber noch gjin sprút stress. Soene se echt tinke dat de fijân harren net sjocht? Soks sil dochs gjin dommichheid wêze? Arrogânsje miskien?

Tiisdeis sil ik myn wurkpleats út, doch de klompen en de radio út, de toffels oan om mei it iten oan ’e gong en dêr sit Elske op de iepen doar.
‘Nuvere man, mei ik jo wat freegje? Niis hearde ik op it nijs fan jo radioding dat der in slotferklearring tekene is, mar op dat stuit klapten jo mei de klompen, dat no haw ik net heard wat der krekt ôfpraat is.’
‘Wêr giet it oer?’ freegje ik my lûdop ôf.
‘De klimaatkonferinsje yn Glasgow, fansels,’ seit Elske fûl. ‘Dat folgje jo dochs ek?’
No hie ik earne wol wat heard oer ien of oare slotferklearring, mar dizze  fraach fan de jonge ûle komt my oer it mêd.
‘Aha! Glasgow!’ sis ik. ‘Ja, dat wie wat in sloppe ôfsluting. Se sille leau ik earst wat minderje mei it winnen fan stienkoal.’
Elske bûcht har wat nei foaren. ‘En is der ek wat ôfpraat oer it kappen fan beammen?’
‘Dêr gie it wol oer en dan benammen oer it reinwâld en dat is in geweldich probleem fansels, mar foar jimme hjir gjin soargen. Alhoewol…’ en ik fertel earlik oer myn argewaasje oer de nullebeam dêr’t sy yn húsmanje.

Elske is eefkes út it fjild slein. ‘Jo binne yndied in nuvere man. Wolle jo ús habitat ferniele?’
‘Nee hear, om jimme stiet de beam der noch. Ik bin geweldich bliid dat dyn mem werom is en dat se dy meinommen hat hjirhinne, mar sjoch no sels: it is in beam fan neat. Hy is sa hol as wat, der falle sels mear nullen út as ministers út it kabinet.’
‘Ik begryp jo net’, seit Elske neidat se in setsje djip neitocht hat. Jo wolle de beam kwyt en ús dan ek.’
‘It heart dûbeld, dat wit ik, mar ik sit werklik yn noed oer jimme.’
‘En wat binne jo noeden oer ús?’
‘Jimme arrogânsje.’
‘Wat in raar wurd.’
‘Jimme ûlen binne werklik net ûnsichtber, dêr heech yn dy beam. Ik sjoch jim dochs!’
‘Sa is ús mem no ienris,’ seit Elske, ‘ik ha my der ek al sa faak oer ferwûndere. Se is oars in tige tûk wyfke, mar my warskôgje foar stienmurden of grutte rôffûgels, ho mar! Sy is krekt as de measte minsken as it giet oer it miljeu: de kop yn it sân of djip tusken de skouders, en mar slûgje, de hiele tiid troch.’
‘Wêr is dyn heit?’ wol ik witte, ‘dy ha ik hjir hjoed noch net sjoen.’
Ule Elske seit efkes neat, hipt nei de ein fan de doar.
‘Dêr sit no krekt it trauma by ús mem,’ seit se slim emosjoneel, ‘heit is út de beam fallen en deabiten troch in murd.’
‘Harrejakkes,’ sis ik kjel, ‘is er yn ’e sliep út de beam fallen?’
‘Nee, no ja… Us mem hie him in triuwke jûn om’t er sa freeslik siet te snoarkjen. ‘Hâld dy dochs stil,’ hie se sein, ‘se kinne ús dan wol net sjen, mar se kinne ús wol hearre!’

novimber 27, 2021 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.