It wetter oan ’e lippen ta

novimber 21, 2021 07:00 Fernijd

Oertinking

Yn dizze tiid hie se de universiteit helje kinne, mar se mocht net leare. Lykas safolle oaren moast se yn ’e hûs en achter, yn ’e buorkerij, meihelpe. Se ferlear in bern oan in slimme sykte, in grutjonge yn it ferkear en har man rekke ferlamme troch MS. Se fertroude my har deiboek ta. It wie ien lange wrakseling om steande te bliuwen. Om’t se my kear op kear har libbensrin ferteld hie, rekken my yn dat deiboek de wurden: “Help my, o God, want it wetter stiet my oan ’e lippen ta.”

Dy ynset fan Psalm 69 wie de reade tried yn har deiboek. Se rekke sels lichaamlik siik en hie psychiatryske help nedich. Mar se hold oan it lêst ta har gebed fol. Wat stiet Psalm 69 grôtfol wurden dy’t minsken yn eangst en need brûke meie!

Helje my út it slyk, dat ik net weisink,
lit de wetterstream my net fuortspiele,
Och, wat bin ik ellindich en siik,
lit jo help my beskermje, o God.

De bidder yn de psalm hat slim lêst fan fijannen:

Machtiger as hierren op myn holle
binne de lju dy’t my sûnder reden haatsje.

Meilijen kriget er net:

Ik tidige op meilibjen, mar ’t wie om ’e nocht,
op fertreasters, mar ik fûn se net.

De leauwige yn de psalm uteret agresje tsjin syn fijannen. Hy bidt: “Lit se blyn wurde; slach har de heupen lam; fei se fan de list fan de libbenen.” (23-29)

God wit mei sokke langsten wol ried: Hy heart ús gebeden, mar ferheart se gelokkich net allegearre! Mar minsken yn need meie ek har agresje uterje! As yn moderne terapyen moediget de psalm dat oan. As it tsjuster yn de minske derút smiten is, komt der romte foar it ljocht. Sadwaande einiget de psalm yn in tankbea:

Ik wol Jo namme priizgje yn in liet,
en Jo yn in tankliet ferhearlikje. (31-37)

Lêze: Psalm 69:1-4; 30-37

ds. Doede Wiersma

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, dat by de KFFB te bestellen is foar de ledepriis fan
€ 19,50. (
boekeklub@kffb.nl, 06-5168 1577)
novimber 21, 2021 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.