Is kontant noch kening?

novimber 6, 2021 06:55

Kollum

Sweden stiet derom bekend dat it graach en maklik eksperimintearret, sei in freon lêsten. Wolle bedriuwen chips ûnder de hûd probearje? Gean nei Sweden. Binne der oare eksperiminten? De Sweden wolle graach meiwurkje. De Sweden hawwe in moai mannich útfiningen op harren namme stean. Hjir binne bygelyks Spotify, de Baco tange, de rits, de pacemaker, Bluetooth, en de kompjûterspultsjes Candy Crush en Minecraft útfûn. En dat binne noch mar in pear dy’t hjir weikomme.

Sweden rint foar op de rest fan de wrâld op it gebiet fan metoaden om alles digitaal te meitsjen. Ik kin hjir, as ik wol, in online húsdokter boeke. Dan hoech ik de doar net iens út. Sels tink ik dat de kennis fan in dokter net allinnich út boeken komt en dat er jin bygelyks yn ’e eagen sjen kinne moat en krekt jins kleur sjen kinne moat om troch ûnderfining beoardielje te kinnen hoe’t it derfoar stiet. Mar ik bin grif in bytsje âlderwetsk.

Ik bin ek âlderwetsk as it om beteljen giet. Sa’n app dêr’t men om te beteljen mar mei de mobyl by pinapparaten lâns hoecht, wol ik net hawwe. Wy kinne al lang mei de paskes ‘blipe’, mar dat wol ik net, dy funksje haw ik útset. Der moat neffens my in koade yntoetst wurde. Ik bin sa âlderwetsk dat ik tink dat der in krimileel mei in apparaat njonken my stean kin om myn rekken te plonderjen. No haw ik ien foardiel: der stiet meastentiids dochs net safolle op.

Yn 2020 wie al mear as 90% fan alle transaksjes digitaal. It soe my net fernuverje as dat no op mear as 95% leit. Tsjintwurdich betelje in hiel protte minsken mei Swish, ek in Sweedske útfining. Mei Swish kin men jild oermeitsje nei in mobyl telefoannûmer. Dan moat de ûntfanger fansels ek Swish oan syn bankrekken keppele hawwe, mar dan giet it skoan. Ik haw it lang útsteld. Ik fyn dat alles, mar dan ek alles, al nei te gean is en dêr bin ik net sa wei fan. No is der sels in digitaal spoar as ik in twaddehânsk taffeltsje fan myn buorfrou keapje. Of as in mannich freonen mei-inoar út iten binne en ien fan harren it hiele bedrach betellet en de oaren harren diel nei him Swishe. Nee, ik haw neat te ferbergjen, mar it fielt net goed.

Dat soks in hiel protte foardielen hat, sjoch ik fansels ek wol, mar it fielt sa Big Brothereftich. Partikulieren kinne it brûke mei it mobiletelefoannûmer, en bedriuwen en ferieningen en sa mei spesjale nûmers. Ik ûntkaam der ek net oan. Ik stie in kear op it punt om wat te beteljen, in bytsje oan ’e lette kant, mar it koe noch moai. Yn it hypermoderne Sweden geane de betellingen fia de bank yn it wykein en op feestdagen net troch. Ik fyn dat ûnbegryplik, mar “sa is it no ien kear” en dy o sa moderne Sweden akseptearje dat gewoan. De kompjûters fan de bank moatte blykber ek wykein hawwe. De stakkerts.

Mar it wie nei it wykein, it jild moast der op tiisdei wêze, oars krige ik in boete fan sa’n 90 euro. It duorret altyd in dei foardat it der is en… it wie peaskemoandei. De kompjûters fan de bank hiene in lang wykein frij… Gelokkich hiene dy fan Swish dat net nedich, dy geane sa’t it skynt altyd troch, dat it swit stie my op ’e holle, mar ik hie dan ek mear as ien app ynstalearre. Fansels hie ik de iene app wer nedich om de oare wurkje te litten. Dat doe, SWISH, fleach it jild der sa mar hinne! Op peaskemoandei noch wol! En as men der ien kear oan wend is, dan wit men it wol. Sels yn tsjerke haw ik hast nea mear wat om yn it ponkje te dwaan, mar dêr kin ik gelokkich ek al swishe.

boarne: pixabay

Der binne hieltyd mear bedriuwen en restauranten dy’t gjin kontant jild mear akseptearje. As ik in kear tink: no wol ik gewoan wer ris jild yn ’e hannen hawwe en ik pin myn jild foar dy wike, freegje ik my ôf oft se ek tinke dat ik jild oan it wytwaskjen bin. Kom ik mei 500 kr oan, 50 euro, dan is it mar de fraach oft se dat wikselje kinne, want dat is blykber in hiel grut bedrach. It is sa maklik, o sa maklik! Ik meitsje der ek hast allinnich noch mar gebrûk fan.

Dochs stiet it my neat net oan. Der binne minsken dy’t bygelyks net mei de bus kinne om’t se net in snoadfoan hawwe en dus gjin app ynstallearje kinne. Boppedat kin it tsjin de minsken brûkt wurde. Der binne no al guon dy’t, tsjin alle wittenskiplik ûndersyk yn, bûtensletten wurde. Kinne se fia betellingen opspoard wurde? Kin harren Swish ôfsletten wurde? Harren bankrekkens? Kin it barre dat in groep dêr’t jo of ik no by hearre oer in jier as wat bûtensletten of ferbean wurdt? Nee, sizze wy, sa raar soe it nea gean! Wy wenje net yn China! Dochs?

De lêste tiid wurdt der ek hieltyd mear oer hackers praat. De Coop wie hackt, Bakker Logistics, tsientûzenen bedriuwen. As ik googelje, fyn ik sikehuzen, plysjeburo’s, banken, neam it mar op. Allegearre wurde se hackt en meastal moatte se losjild betelje om harren gegevens werom te krijen of harren kompjûters wer brûke te kinnen, as dat al bart. As de maatskippij aloan mear digitaal wurdt, net allinnich de bedriuwen, mar ek wy, sille wy de gefolgen der hieltyd slimmer fan fernimme. Soene se sa hacke kinne dat beteljen net mear mooglik is? En dan de elektryske stroom. Dy falt al geregeld út, fine wy dy’t út Fryslân komme dêr’t hast alles ûnder de grûn sit. Hjir is dat net it gefal, en der steane in hiele protte beammen dy’t op de kabels falle kinne.

Ik fyn al dy útfiningen hiel maklik, ik meitsje der ek alle dagen gebrûk fan, mar tagelyk fyn ik dat we hiel kwetsber wurden binne.

“Cash is king” sizze se yn it Ingelsk, mar de kening is ôfset. Wy wenje no yn in finansjele republyk.

Simone Djurrema-van der Wal út Garyp wennet sûnt 2015 mei har man en bern yn Mellerud yn Sweden.

 

novimber 6, 2021 06:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.