Kongres betinkt maatregels foar fuortsterkjen talen en kultueren fan lytse folken

novimber 11, 2021 13:56

Mei fiifentritich oare saakkundigen út fyftjin Europeeske lannen, dy’t in tsiental kulturele en taalmienskippen sûnder eigen steat fertsjintwurdigje lykas de Aromanen en Sorben, wie ik twa en in heale dei gear om nije maatregels te betinken om ús talen en kultueren fuort te sterkjen.

De dielnimmers oan it kongres. Foto: Convivenza Foundation

Pier Bergsma

De Switserske Convivenza Foundation, in ynternasjonaal sintrum foar minderheden organisearre yn gearwurking mei Eurac Research yn Bolzano in kongres oer polityk, rjocht, ûnderwiis en kultuer yn oerlis mei de Ried fan Europa, pleatslike en regionale autoriteiten.

Eurac Research is in grut wittenskiplik ûndersyksynstitút, dat him ûnder oare dwaande hâldt mei de rjochten fan minderheden. It evenemint wie fan 20 oant 23 oktober 2021 yn Val Müstair yn it uterste súdeasten fan Switserlân.

De maatregels, dy’t wy beskôgen as wichtich en fan praktysk nut wiene de folgjende:

  1. de ûntwikkeling fan in digitale strategy dy’t de gearwurking tusken kulturele en taalmienskippen sûnder eigen steat fuortsterket;
  2. it meitsjen fan in ‘digitaal korpus’, in samling fan printe taal foar it behâld fan de taal fan lytse folken. Derneist it ferbetterjen fan elektroanyske wurdboeken om oersettingen mooglik te meitsjen;
  3. it oanbieden fan digitaal ûnderwiis foar talen troch it ûntwikkeljen fan in model en stipestruktuer;
  4. it konkretisearjen fan it juridyske kommentaar fan kêst 2 fan it Europeesk Hânfêst foar Regionale of Minderheidstalen oangeande it ûnderskied fan nasjonale talen en dialekten;
  5. it meitsjen fan in konkreet foarum om de gearwurking oangeande de rjochten fan lytse folken fuort te sterkjen en erkenning te krijen fan nasjonale en ynternasjonale ynstânsjes.

Fierders stimde elk yn mei de ‘Müstair-ferklearring’, dy’t de oanbefellingen gearfettet dy’t rjochte binne op de steaten dêr’t lytse folken wenje. Dy ferklearring giet nei de Europeeske Uny, nei ynternasjonale organen en nei kulturele en taalmienskippen sûnder in eigen steat.

Boppesteand punt 5 liket my foar ús fan grut belang. Op dy Müstair ferklearring kom ik ynkoarten werom.

Pier Bergsma is foarsitter fan de Ried fan de Fryske Beweging
novimber 11, 2021 13:56
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.