Hoe kin de FNP yn de Keamer komme? De Friezen yn Dútslân tinke mei

novimber 27, 2021 20:05

Moat de FNP meidwaan oan de Twadde Keamerferkiezings? Makket de partij dan kâns op in sit? En is in kampanje wurkber foar in regionale partij? Neffens de SSW is it antwurd op al dy fragen ‘ja’. De SSW is de susterpartij fan de FNP yn Dútslân. Hy foarmet in fertsjintwurdiging fan de Noard-Friezen en de Deensktaligen yn de noardlike dielsteat Sleeswyk-Holstein.

Fertsjintwurdigers fan de FNP wiene ôfrûne wike by de SSW-kollega’s op besite. Dy hawwe no ‘in man yn Berlyn’. SSW’er Stefan Seidler hat in sit yn it Dútske parlemint, de Bûnsdei.

It Dútske kiessysteem wurket oars as it Nederlânske, dus deselde strategy dy’t de SSW brûkt hat, is net gaadlik foar de FNP, mar neffens de Noard-Fryske politikus Lars Harms makket de FNP yn Nederlân wis in kâns op in sit. Syn kollega Flemming Meyer jout de FNP as tip mei dat dy net tefolle plannen meitsje moat. In lytse partij kin it bêste mar in hantsjefol punten hawwe dêr’t er him mei profilearret, dan is de kâns it grutste dat oare partijen oan dy winsken temjitte komme. De SSW hat in humoristyske, typysk noardlike kampanje fierd, mei listlûker Seidler as wytsing. Soks kin de FNP mooglik ek ta in kampanje ynspirearje.

FNP’er Sybe Knol seit dat him opfalt dat de SSW en de FNP deselde tema’s wichtich fine: de eigen taal, de belangen fan it plattelân, regionale ekonomyske ûntjouwing en it wolwêzen fan de minsken. Hy wiist derop dat der yn Nederlân regio’s binne dêr’t dy ûnderwerpen ek yn ‘e belangstelling steane, lykas Grinslân, de Efterhoeke en Seelân. Neffens de SSW-kollega’s moat net fergetten wurde dat dêr potinsjele stimmers sitte as de FNP gading meitsje soe oan in Twadde Keamersit.

FNP’er Frank de Boer yn oerlis mei SSW’er Flemming Meyer (foto: FNP)
novimber 27, 2021 20:05
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Doeke Kuipers desimber 1, 11:05

    De FNP kin hiel wat wolle……!! Der sil dan wol earst in distriktenstelsel komme moatte. Boppedat moat de beleaning, om de idealisten yn de keamer te krijen, folle leger wurde. Dy’t der no sit docht allewar om der te bliuwen…..en “lulle”gewoan wat mei!!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.