Hjoed ekstra Frysktalige Ljouwerter Krante

novimber 16, 2021 15:43

Wy neame lykas alle Friezen it grutste provinsjale deiblêd meastal de Ljouwerter Krante. Hjoed stie dat der ek sa op, alteast op in grutte bylage. Njonken it Nederlânsktalige blêd krigen de abonnees in Fryske ferzje. Dêr stie al wat minder yn, mar it wie wol breed nijs oer fan alles en noch wat, sa’t lêzers fan It Nijs dat wend binne.

De oanlieding foar de aksje is fansels de betinking fan santich jier kneppelfreed. It is de twadde kear dat de Ljouwerter Krante yn it Frysk ferskynd is. Yn 2001 waard sels de folsleine krante in kear yn twa taaledysjes útbrocht.

 

novimber 16, 2021 15:43
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.