Herberch Het Rechthuis yn Rinsumageast wint Undernimmerspriis Dantumadiel 2021

novimber 21, 2021 08:47

Tongersdeitemiddei 18 novimber rikte wethâlder Rommy Kempenaar de Undernimmerspriis Dantumadiel 2021 út oan eigners Theun Plantinga en Mike Kick fan Herberch Het Rechthuis yn Rinsumageast.

Het Rechthuis (foto: Gemeente Noardeast-Fryslân)

Piet Horjus fan Doarpsbelang Rinsumageast/Sibrandahûs droech de Bêd & Brochje foar. “Wy binne as ynwenners tige ynnommen mei Het Rechthuis. It doarp knapt der tige fan op”, skreau Horjus by de foardracht. Hy wie ek by de útrikking fan de priis.

Het Rechthuis jout in oppepper oan it doarp
Neffens de sjuery hawwe de eigners mei lef en in protte respekt foar it ferline en it doarp, in goede ynfolling oan it byldbepalende Ryksmonumint jûn. Wethâlder Rommy Kempenaar: “Het Rechthuis biedt net allinnich de toerist in noflik plak, mar soarget ek foar in fleurich doarpssintrum. Theun en Mike wurkje dêr hurd foar, mei in protte passy. Dat is te sjen. De Undernimmerspriis is harren fan herte gund.”

De wethâlder ferraste tongersdei, mei de oare sjueryleden Bert de Boer (Undernimmersferiening SOD) en bedriuwekontaktfunksjonaris Maja Zijlstra, Theun en Mike mei de priis. Njonken de titel Undernimmerspriis Dantumadiel 2021 kriget de Herberch in promoasjefideo kado.

Undernimmerspriis Dantumadiel foar it earst organisearre
Yn oktober 2021 rôp wethâlder Rommy Kempenaar de ynwenners op om in bedriuw foar te dragen dat him yn 2021 bysûnder ûnderskaat hat. Yn totaal waarden sa’n fjirtich bedriuwen nominearre, út ûnderskate sektoaren. De sjuery is wiis mei it tal oanmeldingen. Kempenaar: “En foaral de motivaasjes dy’t we dêrby krigen. It wie net maklik om dêr ien winner út te kiezen, want fansels binne wy grutsk op al ús ûndernimmers. De ûndernimmersmentaliteit skaaimerket in grut part fan ús ynwenners. Wy hawwe yn dit gebiet in protte bedriuwen. Hja helpe inoar, soargje foar wurk en litte boppedat ús regio brûzje. Mei ûnder oare dizze priis wolle wy dat oaren sjen litte en wurdearje.”

novimber 21, 2021 08:47
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.