Henk Wolf: Grouwéten

novimber 6, 2021 20:46

Kollum

Foto: Unsplash

It wurd ‘grouwéten’ is by Frysklearders nei alle gedachten foaral bekend wurden, omdat it ien fan ‘e pear wurden is mei in streekje op de letter -e- deryn. Yn Frysksinnige fermiddens wurdt it wolris brûkt, mar de grutte kliber brûkt ‘folkoaren’. Hoewol’t de foarm ‘grouwéten’ yn ‘e papieren oersetwurdboeken fan Zantema en Visser de pree hie, is op it moderne Taalweb.frl inkeld de fariant ‘grouweiten’ mar mear te finen. Noch yn de Foarkarswurdlist, noch yn de wurdboeken stiet de fariant mei -é-.

De wurden ‘grouwéten’ en ‘grouweiten’ komme noch net sa lang yn it Frysk foar. ‘Grouweiten’ is it âldst: it dûkt foar it earst op yn it wurdboek fan Waling Dykstra, mei as fariant ‘grouwitten’ – in foarm dy’t men no suver net mear tsjinkomt. As betsjutting stiet derby: ‘van grof tarwemeel’.

‘grouweiten’ yn it wurdboek fan Waling Dykstra (1900)

It wurdboek fan Visser hat net in aparte yngong ‘volkoren’, mar ‘volkorenbeschuiten’, ‘volkorenbrood’, ‘volkorenkoek’ en ‘volkorenmeel’ steane der al yn. De oersettingen dêrfan begjinne allegear mei ‘grouwéten’ en dat is wat betiizgjend, want eins heart dêr noch by dat se bakt binne fan tarwe, dat yn it Frysk ek wol ‘weet’ neamd wurdt. Mocht it by it ferskinen fan it wurdboek yn 1985, doe’t sawat elk yn Fryslân oars net as tarwe mear iet, noch hinnebruie, hjoed de dei binne yn heel wat keukens wer roggemoal, boekweitmoal en oare moalsoarten te finen. Dy wurde no ek alris ‘grouwéten’ neamd en dat is fansels al wat apart.

Yn it Nederlânsk kin men fan brea, boekweiten bôle en witwat foar bôle mear ek sizze dat it ‘volkoren’ is. ‘Volkoren’ is as eigenskipswurd ôflaat út ‘volkorenbrood’, dat in ferhollânsking is fan it Dútske ‘Vollkornbrot’. Dat betsjut: bôle út de folsleine (nôt)kerrel. Foar wa’t dat net wit, is it wat betiizgjend, omdat ‘koren’ yn it Hollânsk foaral ‘consumptiegraan’ betsjut en almeast as synonym fan ‘tarwe’ brûkt wurdt. ‘Koren’ foar ‘korrel’ is net botte bekend.

Yn it Fryske ‘grouwéten’ of ‘grouweiten’ as oersetting fan ‘volkoren’ is ‘koren’ opfette as ‘weet’ (tarwe), wylst it oarspronklik Dútske ‘Korn’ de betsjutting ‘(nôt)kerrel’ hie. ‘Grou’ soe wol by ‘kerrel’ of by ‘moal’ passe, mar by ‘weet’ past it net sa moai, want fansels wurdt weet net mei raaien en al fermeald, mar wurde inkeld de kerrels ta moal. Dêr komt by dat as jo oer moal prate, ‘grou’ yn it Frysk fanâlds net ‘ûngesille’ betsjutte, mar just ‘dêr’t alle blom út sille is’. En dat is by ‘volkorenbrood’ fansels net it gefal.

De tradisjonele namme foar bôle fan ûngesille moal is ‘brúnbrea’, mar dat wurd soe hjoed de dei ta betizing liede: alderearst trochdat it Hollânske ‘bruinbrood’ no just gjin ‘volkorenbrood’ is en fierders trochdat wy no by ‘brea’ altyd oan ‘roggebrea’ tinke. It wurd ‘bôle’ is pas yn de 19e ieu bekend wurden en betsjutte fan oarsprong ‘rûne, lúkse bôle’, almeast fan tarweblom. Pas yn de 20e ieu koe in ‘bôle’ ek brún wêze of in oare foarm ha as rûn.

Dizze bakker advertearret mei ‘grouwéten bôle’ sûnder weet.
novimber 6, 2021 20:46
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. Froukje novimber 10, 11:19

    Nijsgjirrich stikje Henk

  2. Jent Jansma novimber 20, 08:58

    Mei it each op grouwéten:

    Werom komt it wurd Simmelbôle as synonim yn it artikel foar?

  3. Jent Jansma novimber 20, 08:59

    …NET foar!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.