Grinzer Museum keapet wurk fan Mick La Rock en Stars & Weak oan

novimber 25, 2021 08:48

Spesjaal foar de eksposysje Graffiti in Groningen, dy’t fan 20 novimber 2021 o/m 6 febrewaris 2022  yn it Grinzer Museum te sjen is, makken Mick La Rock en de Grinzer graffitykeunstners Stars & Weak twa nije keunstwurken. It Grinzer Museum hat dy doeken koartlyn foar de eigen kolleksje oankocht.

Stars & Weak: ‘Terra’, 2021 (foto: Heinz Aebi/Grinzer Museum)

Museumdirekteur Andreas Blühm: “It Grinzer Museum hat in lange tradysje mei it sammeljen fan graffity en it oankeapjen fan wurk fan Grinzer keunstners. De masterwurken makke troch Mick La Rock en Stars &Weak falle presys yn beide kategoryen. Wy binne tige bliid dat wy se tanksij de stipe fan Grinzer Museum Salon yn ús kolleksje opnimme kinne.”

Graffity yn Grins
De pioniersjierren fan graffity en strjitkeunst yn Grins wurde opnij belibbe yn de eksposysje Graffiti in Groningen mei ferhalen, fotografy en film. Yn de tachtiger jierren hie de stêd Grins in libbene graffitykultuer: in artistike beweging dy’t út subkultueren as punk en hiphop ûntstie. De presintaasje is gearstald troch Stichting Kladmuur, ûnder lieding fan Hugo Engwerda, yn gearwurking mei graffitykeunstner/-konservator Aileen Middel (Mick La Rock). As oanfolling ferskynt de publikaasje Kladmuur: Pioniersjaren van graffiti in Groningen 1978-1992.

Mick La Rock: ‘Style Wars’, 2021 (foto: Heinz Aebi/Grinzer Museum)

Graffity yn New York
It Grinzer Museum wie ien fan de earste musea wrâldwiid dat, ûnder lieding fan earder direkteur Frans Haks, al yn de tachtiger jierren graffity en strjitkeunst as keunstfoarmen erkende en dy begûn te sammeljen. Neist JR: Chronicles en Graffiti in Groningen is yn twa sealen fan de fêste kolleksje wurk fan promininte keunstners út New York te sjen, mei ûnder mear NOC 167, Dondi, Blade, Quik en Phase 2.

Graffiti in Groningen is mei mooglik makke troch: Fonds 21 / VSB Fonds / Effektief Groep / Grinzer Museum Salon.

novimber 25, 2021 08:48
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.