Goed helte Friezen wol mear Frysk yn krante

novimber 16, 2021 15:26
Foto: Unsplash

It Nijs en Omrop Fryslân binne de iennichste deistige Frysktalige media. De beide provinsjale deiblêden printsje op syn heechst út en troch wat yn it Frysk en dat is dan almeast in opinystik of in stikje oer de Fryske taal. De measte Friezen wolle dat lykwols oars. 56 persint fan de Friezen wol alle dagen Frysktalige stikken yn ‘e krante sjen.

Dat docht bliken út in ûndersyk fan de Ljouwerter Krante ûnder sa’n twatûzen Friezen. Dat Friezen harren taal wichtich fine, komt der ek út nei foaren. 77 persint neamt it wichtich dat it Frysk in offisjeel erkende taal is. Mar 11 persint neamt it ûnwichtich. 79 persint is it iens mei de stelling dat Frysktalige âlden de taal trochjaan moatte oan de bern en 85 is fan betinken dat minsken dy’t foar in Fryske oerheid wurkje it Frysk ferstean kinne moatte.

Wol docht bliken dat in soad Friezen sels te min dogge foar it Frysk. Der binne yn Fryslân folle mear minsken dy’t Frysk prate, lêze en skriuwe kinne as minsken dat ek alle dagen dogge.

Neffens it ûndersyk kin:
– 94 persint it Frysk goed ferstean;
– 74 persint it goed prate;
– 77 it goed lêze;
– 42 it goed skriuwe.

Mar 54 lêst it ek en mar 38 persint skriuwt it. Mar 33 persint sprekt in ûnbekende yn it Frysk oan.

Hoewol’t goed de helte fan ‘e Friezen fan betinken is dat net-Friezen dy’t yn Fryslân wenje derfoar soargje moatte dat se it Frysk ferstean kinne, is lykwols ek goed de helte fan ‘e minsken it dermei iens dat it fatsoenlik is as in hiel selskip om ien persoan dy’t gjin Frysk ferstiet oergiet op it Hollânsk.

novimber 16, 2021 15:26
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. wim novimber 17, 09:34

    Foarhinne hie de krante ek it rubrykje ‘Taalspegel’, in soart fan ‘Hoe seist dat no yn it Frysk’ wat hjir op It Nijs dien wurd. Soks is dochs ek tige nijsgjirrich om wer yn de krante te dwaan. Minsken leare sa elke dei wat. En de Taalspegels ha se al. Op Facebook wurde se noch wolris pleatst:
    https://www.facebook.com/photo?fbid=3144448345784044&set=a.1594128117482749

  2. Cor Jousma novimber 17, 16:58

    Wat my de lêste twa jier opfalt yn de Ljouwerter, is dat der folle minder benepen sitearre wurdt yn it Frysk. Earder wie soks ien of twa kear yn in artikel en dêrnei waarden jo wurden mei in Nederlânske omskriuwing ferboud. Dat is de lêste jierren gâns better. Soks hat grif mei it oanstjoeren te krijen. Mar dochs, dat smakket my wol.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.