Gemeenterie Venray neamt Limburchske buorden “niet gepast”

novimber 11, 2021 22:36

It Limburchsk is in erkende streektaal yn Nederlân en de provinsje Limburch hat twa jier lyn mei de Ryksoerheid in konvenant sletten dêr’t beide partijen de wearde fan it Limburchsk yn beneame en oanjouwe dat se de streektaal mei-inoar stypje wolle.

Jo soene dêrom ferwachtsje dat de gemeente Venray entûsjast beslute soe om de kombuorden yn de gemeente twatalich te meitsjen. No stiet dêr allinne de Hollânske namme op. Der is al in pear jier in lobby om dêr yn lytse letters de Limburchske namme ûnder te setten.

De gemeenterie hat dêr tongersdei nee tsjin sein. Neffens in mearderheid soe de kar foar nije buorden yn de koroanatiid “niet gepast” wêze. It stypjen fan de streektaal wie neffens de tsjinstanners tefolle lúkse yn de djoere koroanatiid.

Der lizze fjirtjin plakken yn de gemeente. Mei útsûndering fan Ysselteyn hawwe se allegear sawol in Limburchske as in Hollânske namme. Dat bygelyks ‘Oirle’ de ferhollânske namme is en dat de ynwenner sels ‘Oeldere’ sizze, sil de besiker fan it doarp ynearste net sa maklik ûntdekke kinne.

novimber 11, 2021 22:36
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.