‘Fûnemintboek’ Menno Simons (7)

novimber 14, 2021 08:00 Fernijd

Wat hjiroan foarôf gie: ‘Fûnemintboek’ Menno Simons (6) | It Nijs

Ut Haadstik 6. It mijen fan Babel

ynlaat troch Eric Hoekstra

Boarne foto: Unsplash

Yn dit haadstik pleitet Menno fûl foar it mijen fan de wrâld (Babel) oeral yn it libben, mar benammen ek yn it libben en it ûnderwiis fan predikanten. Yn it Nije Testamint leit ‘de wrâld’ op in minne namme: Satan koe Jezus alle keninkriken fan ’e wrâld oanbiede. En Johannes skriuwt yn syn earste brief dat de hiele wrâld yn ’e macht fan it kwea leit. Mar dat wie foardat it kristendom de macht krige yn it Romeinske Ryk en letter yn Europa. Sadwaande seagen in protte kristenen de wrâld as wat goeds, want de wrâld wie no ommers kristlik. Mar dat is fansels net sa: dêr’t macht is, dêr wurdt de duvel baas, oft in lân no kristlik is of net. Dat wie de menisten wol dúdlik, want se binne earst ferfolge troch de oerheid op oanstean fan de roomske tsjerke, en letter op oanstean fan de kalvinisten. Sadwaande hawwe de menisten altyd de âldtestamintyske teokrasy ôfwiisd, oars as Luther en Kalvyn.

Mar as it om de wrâld giet, dolt Menno djipper as om it (al of net kristlik) misbrûken fan steatsmacht. Menno hat yn ’e rekken dat it amt fan predikant tige oantreklik is, as tsjerke en oerheid twa hannen op ien búk binne. De predikant hat dan macht, gesach en rykdom. Dat lûkt fansels allegear lju oan dy’t net alhiel of alhiel net de driuwfearren hawwe dy’t in predikant hawwe moat, lit stean in ropping fan God. Mar as de gemeente ferdrukt, martele en fermoarde wurdt, dan sil gjinien mei ûnsuvere motiven it amt fan predikant hawwe wolle. Sadwaande leit er tige de klam op it belang fan ropping.

Menno fynt de ynfloed fan de wrâld ek noch op in oar plak, nammentlik yn it ûnderwiis. As de tsjerke en de oerheid twa hannen op ien búk binne, dan wurde der ôfspraken makke, sa’t bygelyks hjoed-de-dei de kommunistyske partij fan Sina it op in akkoartsje goait mei kollaborearjende tsjerken. Dan wurde der stikjes út it evangeelje oars oerset en oars útlein, of der wurdt in ynlieding by jûn dy’t de oerheid noasket, of de oerheid hat ynspraak yn de beneaming fan predikanten. Dat lêste wie yn de 19e iuw it gefal, doe’t de oerheid besocht om oeral frijsinnige dominys te beneamen, want dy wiene folle ‘koöperativer’. Dat it mijen fan Babel is in weromkear nei de nijtestamintyske tiid, doe’t de wrâld de kristenen ferfolge, en dat wie foar Menno-en-dy in realiteit krekt as foar Stefanus en Petrus en Paulus. Mar ek, en foaral, as it kristendom sis mar de macht hat yn in lân, dan is de wrâld noch hieltyd de fijân fan it wiere leauwe, alteast foar de menisten. De Lutheranen en de Kalvinisten tinke dêr oars oer.

Hjirûnder folget in tal fragminten út it mânske haadstik It mijen fan Babel.

As seisde leare en fermoanje wy neffens Gods Wurd it neikommende. Alle bern fan God dy’t no werberne binne út it ûnfergonklike sied, dat is it Wurd fan de libbene God, en dy’t har ûnderwurpen hawwe oan it jok en it krús fan Kristus, dy hawwe earder nea it ûnderskied te hearren krige tusken rjochte lear en falske lear, tusken Kristus en de deale. Hja hawwe earder nea de rjochte lear of de sakraminten ûntfange mocht fan dejingen dy’t ommers sels net de rjochtsinnige lear fan Kristus en it bibelsk gebrûk útoefenen, hoe grut oft har namme en rop, tsjerkerjochting of skynbere hillichheid ek wie. De oarsaak dêrfan is dit.

De leararen fan de ferkearde hannelswize,

      • dy hawwe gjin evangelyske ropping
      • dy hawwe gjin evangelyske lear
      • dy hawwe gjin evangelysk libben,

en dus binne hja út de deale berne en hannelje yn syn tsjinst,

sa’t aansten sjen litten wurdt. Hja kenne en praktisearje net de heilsume lear fan Jezus Kristus, noch kenne en praktisearje se de tekens fan doop en nachtmiel op de goede wize, sa’t de apostels dat yn har tiid al diene, sa’t niis útlein is. Sadwaande binne yn har hannen de tekens fan doop en nachtmiel grouwélige ôfgoaden wurden.

Wy leauwe moai wis dat gjinien dy’t by syn ferstân is, sa ûnferstannich wêze sil en ûntken dat de hiele Skrift, sawol it Alde as it Nije Testamint, skreaun is om ús te ûnderwizen, te warskôgjen en te bestraffen.

Gjinien sil ûntkenne dat de Skrift de iennichste rjochtline en autoriteit is
dy’t teory en praktyk fan in kristenlibben heart te bestjoeren.

Alles wat net strykt mei de Skrift, alles wat net oerienstimt mei Gods Wurd, likefolle oft it no de lear of it leauwe oangiet, de sakraminten of de godstsjinst, de wurken of it libben, it moat mei dy rjochtline ôfmetten wurde, en neffens dy autoriteit syn swetten útlizze.

Dy’t net út Gods Wurd berne is, mar út de lear fan minsken, it sil bliken dwaan dat dy in oerwinneling is, en syn mem is in hoer.

Dêrom moat yn Gods gemeente oars neat siedde en leard wurde
as it libbene Wurd fan rêding fan it hillich evangeelje fan Jezus Kristus.
Dat allinnich set wiere en rjochte bern op ’e wrâld.

Sadwaande hat Hy earnstich alle leararen opdroegen: “Preekje it evangeelje oan alle kreatueren.” Hy seit net: preekje de learingen en geboaden fan minsken, preekje Augustinus en Erasmus, Luther en Melchior, Bucerus of Nullengerus, preekje âlde tradysjes en konsilybesluten fan tsjerkfaars. Nee, preekje allinnich it evangeelje oan alle kreatueren. En doe’t Er nei Syn leave Heit yn ’e himel opfear, hat Er har op it lêste stuit it evangeelje yn ien opdracht meijûn:

Lear har om te praktisearjen
alles wat Ik jim opdroegen haw.
Ik sil by jim wêze
oant de ein fan ’e wrâld.

O jammerdearlike leararen, jim dy’t jit nea yn jim libben in letter fan it rjochte evangeelje fan rêding of in sprankje fan Gods Geast ûntfongen hawwe, jim dy’t oant no ta it Keninkryk fan God mei hurde hoarnen fuortstjitten hawwe en mei ûnbidich geweld by jim wei wâde hawwe,

jim dy’t oer alle boegen wegerje
dat Kristus Jezus bewâld oer jim hat,
jim dy’t de wei fan Syn kennis
fan de wierheid net gean wolle.

Nettsjinsteande dat prate se in protte fan genede, leauwe, leafde, geast en Kristus,

al wurdt net ien fan dy eigenskippen by harren oantroffen. Wat binne se bot gelyk wurden oan de lju dêr’t fan skreaun stiet:

Hja sizze it al, mar se dogge it net!

O nutleaze moaipraters, jim miene de fetten fan de Hear te dragen, ik haw it oer jim. Wêrom hawwe jim it oer leauwe en leafde? Der is yn jim gjin kromke leauwe of leafde, gjin barmhertigens of wiere kennis, gjin hoop of fertrouwen, gjin nederichheid of ferduldigens, gjin frede of godsfrucht.

Wêr is it neaken folk dat jim klean jouwe?
It hongerich folk dat jim te iten jouwe?
It toarstich folk dat jim te drinken jouwe?
It jammerdearlik folk dat jim rak en dak jouwe?

En dêr komt noch by dat jim hûnderttûzenen eale sielen nei de ivige dea ta liede mei jim frijsinnige lear, ôfgoadyske bernedoop en nachtmiel mei jim fleislik opstannich foarbyld. Wêr is no jim leauwe en leafde, dêr’t jim sa bot fan beare? Wat roppe jim “genede, geast en leafde”, wylst jim alle dagen de oanbeane genede ferwâdzje, de geast drôf meitsje en Kristus Jezus krusigje, sawol yn jim lear as yn jim libben.

O behurde bloedige lju, jim romje op it amt fan learaar en de namme fan de Hear, hoelang wolle jim de Hillige Geast noch wjerstean? Hoelang wurdt de wierheid noch troch jim ferwurpen, de leagen troch jim bemind en it ûnskuldige bloed troch jim op ’e ierde útgetten?

        • Betterje jim ferkearde libben.
        • Freezje de almachtige God.
        • Lit jim minskemieningen en falske lear los.
        • Tsjoch yn ta it Wurd fan de Hear.

Lit ús sprekke en diskussearje yn it iepenbier, mei oars gjin doel as dat wy it godlike Wurd en it wiere evangeelje fan de Hear Jezus Kristus leare te begripen en neffens Syn geboaden begjinne te libjen. Och, woene jim dat mar! Hoefolle rjochtfeardich bloed hie dan bewarre bleaun en hoe gau hie de wierheid by de lju bekend west! Mar it mei, o God, spitigernôch jit net barre.

De lof fan de Heare Kristus wurdt yn ’e ferhûddûking songen
en de lof fan ’e deale wurdt mei it swurd hurd makke.

Want it hat altyd al sa west dat de antykrist syn saak mei it swurd bepleitet, wylst Kristus Syn saak inkeld mar bepleitet mei de azem fan Syn lippen, dus mei Syn Hillich Wurd.

Lykwols, seinigje de Heare, wy binne al út Babel befrijd, en fan hel, dea, sûnde en deale en fan de learingen en geboaden fan minsken. Der is neat dat in wiere kristen finzen hâldt.

Want de Wet fan de Geast, dy’t libben makket yn Jezus Kristus,
hat ús frijmakke fan de wet fan de sûnde en de dea.

Dy’t seit dat er noch yn Babel is, wurdt troch syn sûnden bûn. Dy’t yn it evangeelje ûnderwiisd wurdt, kriget te hearren dat hy wer út Babylon en Chaldea nei Israel ta moat. Dy’t it evangeelje troch it leauwe oannimt, flechtet út Babel wei nei Jeruzalem ta, kriget de frijskatting fan sûnden en de frijheid fan geast dy’t allinnich mar troch Kristus Jezus tasein en krige wurdt, sa’t op mannich skriftplak stiet. Mar de frijheid fan it fleis wurdt ús net tasein, want der wurdt sein ta de lju dy’t út Egypte en Babylon ferlost binne:

Jim sille troch alle minsken hate wurde omwille fan Myn namme.
As de lju jim deadogge, miene se God dêr in tsjinst mei te bewizen.
Troch in mannichte ferdrukkingen sille wy yngean ta it keninkryk fan de himel.
Dy’t My folgje wol, moat himsels fersaakje, syn krús opnimme en My neifolgje.

As dat sa wêze sil, hokfoar frijheid meie wy dan foar it fleis ferwachtsje? Och nee, myn alderleafsten, de frijheid fan de geast wol en moat troch de freze fan it fleis wierheid wurde. Want de feint is net better as syn Hear, de learling is net better as syn Master. It is him genôch dat hy lykslein wurdt mei syn Hear en Master.

Ik sykje neat fan dizze wrâld, mar ik haw derfoar keazen mei it folk fan God, allyk as Mozes die, ûngemak, ûnderdrukking en ferfolging te lijen en faai te stean foar de dea. Sadwaande kin ik namste better, as ik mei Paulus sûnder wryt of slyt befûn wurd, alle bern fan God yn gerjochtichheid ûnderwize en tsjinje. En as der ien is dy’t my mei it evangeelje fan Kristus beskrobje kin, dus net mei tradysjes, net mei learingen fan it fleis, net mei eigenwillichheid, ik werhelje, as der ien is dy’t my mei it evangeelje fan Kristus yn myn lear of libben beskrobje kin,

(ik bedoel yn myn libben fan bûten, want fan binnen binne wy allegearre yn it iene of yn it oare sûnders yn Gods eagen, lykas Prediker seit, “der is gjin minske rjochtfeardich op de ierde, dy’t goed docht en net sûndiget”),

dan wol ik dy beskrobbing graach fan myn leave broer en ûnder tanksizzen ynkrije.

Want ik wol mei hiel myn hert en ik bestribje út alle macht, leau it of net,
om inkeld te libjen neffens it evangeelje en de wil fan Dejinge
dy’t foar my berne, stoarn en opstien is, dat is Kristus Jezus.

Takomme snein fierder

novimber 14, 2021 08:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.