‘Fûnemintboek’ Menno Simons (7)

novimber 21, 2021 08:00

Wat hjiroan foarôf gie: ‘Fûnemintboek’ Menno Simons (7) | It Nijs

Ut Haadstik 7. Fermoanningen ta beslút

ynlaat troch Eric Hoekstra

Yn dit haadstik eidet Menno syn wichtichste tema’s nochris oer, en rjochtet er him dêrby ta ûnderskate doelgroepen: de oerheid, heechoplaat folk, gewoane minsken, ferdoarne sekten, de breid fan Jezus Kristus en de lêzer. It stik rjochte oan de oerheid is fierwei it langste stik. Dat is simpelwei omdat Menno alle war docht om de oerheid te oertsjûgjen om dermei op te hâlden de dopersken te ferfolgjen.

It fermoanjen is fansels tige bibelsk, al is der ek in gefaar fan wiispraterij by, en fan in oar de mjitte te nimmen. Dochs kin men net praktyske fuorútgong yn it neifolgjen fan Kristus opdwaan, as der gjin tips en korreksjes fan in broer/freon/mentor by komme. Ik wit net yn hoe fier oft de iere dopersken inoar mear fermoannen as de katoliken of kalvinisten út dy tiid. Mar it is wol nijsgjirrich dat de namme foar it doperske tsjerkegebou, de Fermanje, ôflaat is fan it wurd fermoanning. Opfallend is de tekst rjochte oan de breid fan Jezus Kristus. Menno lit him dêr ynspirearje troch it Heechliet, en dan nimt syn lyryk in hege flecht.

Hjirûnder folget in tal fragminten út Haadstik 7 Fermoanningen ta beslút.

Wy hawwe yn it Foaropwurd skreaun wêrom’t wy dit Fûnemintboek útjûn hawwe, nammentlik fanwegen de smite oan nuodlikheden fan dizze tiid. Want der wurde safolle ûnderskate denominaasjes fûn ûnder de namme fan Kristus, lykas paapsken, lutheranen, kalvinisten, swinglianen, ferdoarne sekten en dopers, krekt sa’t der by de Joaden wiene hasbuteeërs, hemerobaptisten, essenen, saduseeërs, fariseeërs, ensafh. En elkenien rommet yn it Wurd fan de Hear en wol kristen hjitte, al hat it meastepart fan de niis neamde denominaasjes alhiel net it Wurd, de Geast of it libben fan Kristus krige.

Mar sa hat it altyd al west, dat de geastlike godsbern fan de fleislike bern te lijen hiene,

lykas Abel fan Kaïn, Izaäk fan Ismael en Jakob fan Ezau en it geastlike Israel fan it fleislike Israel, al binne se ek út ienselde heit berne en troch ien God skepen en al hiene se earst in natuerlike wet en doe in geastlike wet fan God krige. Want sa’t wy earder al seine, de antykrist wol syn saak mei geweld bepleitsje, wylst Kristus Jezus syn saak sûnder geweld en allinnich mei Syn hillich Wurd bepleitet. Hy nimt nea it swurd of it knyft op.

O bloedige wredens, dy’t de wredens fan redeleaze bisten te boppe giet! Brinzgjende liuwen, ferskuorrende bearen en bitende wolven geane yn frede mei harren eigen soarte om. Sa net lykwols it reedlike wêzen, de minske. De minske is neffens it byld fan God skepen. In poppe wurdt berne sûnder tosken, klauwen of hoarnen, mei kwetsber sêft fleis. In poppe hat gjin begryp, spraak of krêft, kin noch net stean of gean en is hielendal ôfhinklik fan de help fan mem. Dat is in teken dat er foar frede en net foar kriich ornearre wie. Mar krekt de minske is sa fol mei haat, wredens en moardsucht! Men hâldt it net foar mooglik en it is mei gjin pinne te beskriuwen.

Och, hoefier binne wy ôfdoarme fan de lear fan ús Master en Syn libbenswize!

Hy ûnderwiisde en socht oars neat as frede, doe’t Er sei:

Frede lit Ik jim nei, Myn frede jou Ik jim.
Want de Minskesoan is net kommen om sielen te ferdjerren mar te rêden.

Wy hawwe ús hannelswize mei de Skrift ferdigene. Dan kinne de lju dy’t ús swart meitsje en dy’t ús ferfolgje, ea ris by steat wêze en erken op hok fûnemint oft de wiere gemeente fan Jezus Kristus boud wurde moat, de leave breid fan God, de hillige kristlike tsjerke, de lytse keppel dy’t it de Heit hage om harren it keninkryk te jaan. Dan kinne de lju neigean hokke fan de niis neamde denominaasjes wier neffens de lear fan Kristus libbet.

O eale wize hege hearen, kear jim om en bekear jim ta de roppende wiisheid fan God, nim it suverjende ûnderwiis oan, want troch wiisheid regearje de keningen, en betink by jimsels wêr’t jim ta roppen binne. Leau it of net, jim binne net roppen ta pracht en preal, net ta jildsucht, huorkjen en oerhoer, net ta djoere fakânsjes en elitêre konferinsjes, net ta sûpfestivals, yntriizjes en freontsjepolityk, net ta drank, ferdôvjende middels en geweld, net om lannen en stêden te ferdjerren, net om widdowen en wezen te feroarsaakjen yn it bûtenlân of te fersaakjen yn it binnenlân, net om bloed út te jitten fanwege jim grutskens, jim karriêre of jim tsjinstberens oan in partij. Want dan wurdt wierheid wat de wize kening fan Israel sein hat:

Dy’t sûnder God in earm folk bestjoert,
is as in âljende liuw of in roppige bear.
By in bestjoerder sûnder ynsjoch bart in protte ûnrjocht.

Dat hat de dichter Horatius ek wol erkend doe’t er sei: “Keningen tinke gekkichheid út en it folk kriget de klappen.”

Eale wize hege hearen, nim dizze fermoanning oan fan jim goede tsjinstfeint, dy’t jim út bruorreleafde mei it Wurd fan de hillige Skriften beleart, moannet en beskuldiget.

Slaan gjin acht op syn jammerdearlike status en syn brek oan leardens,
mar allinnich op Gods Wurd, dêr’t hy jim op wiisd hat.

Lûk it boetekleed oan en strui jiske op ’e holle, meitsje jimsels nederich as de kening fan Ninevé, beken skuld mei Manasse, gûl en skriem mei David doe’t hy troch Gods profeten fan heechmoed, oerhoer en huorkjen beskuldige waard. Fleis en bloed, stjer en wês benaud foar jim Hear, jim God, oardielje yn wiisheid mei suchtsjen en beevjen, help de ferdrukten en de minder bedielden, jou widdowen en wezen wêr’t se rjocht op hawwe, behoedzje de goeden, beskrobje de tsjoeden en fier it swurd fan jim oerheidsbewâld op rjochtfeardige wize. It is jim fan God jûn. Begear mei grut begear yn jim Heite lân te wêzen, dat ivich bliuwe sil, en betink dat jim net mear binne as frjemdlingen yn in frjemd lân. Sykje de lof fan God yn al jim tinzen, wurden en wurken. Bemin Gods ivige wiisheid, dy is Kristus Jezus, dan kinne jim oant yn alle ivichheid bestjoere.

(Oan heechoplaat folk)

Der wiene fjouwerhûndert falske profeten yn de tiid fan Achab, de kening fan Israel, mar der wie mar ien, Micha, dy’t profetearre út namme fan de Hear. Der wiene ek achthûndertenfyftich profeten fan Izebel, mar der wie mar ien, Elia, dy’t man fan God en profeet fan de Hear neamd waard.

Kening Joäs wie ien fan sin mei alle prinsen, prysters en it hiele folk yn harren falske godstsjinst dy’t se sels makke hiene, en der wie mar ien, Sacharia, dy’t dat bekritisearre en de lofprizing fan de Hear foarstie.

Hja hawwe allegearre fleis, selssucht, wrâld, jild en geskinken socht. Sadwaande hawwe se ûnderwiisd wat it gewoane folk en syn bestjoerders graach hearre wolle, sa’t men by Jesaja, Jeremia, Ezechiël en oaren wiidweidich weromlêze kin.

De rjochtsinnige profeten fan God dy’t by de Wet fan de Hear bleauwen, wiene yn de minderheid en hja bekritisearren alle ferkearde dieden en ûngerjochtichheid.

Dêrom binne se ek troch de mearderheid belekke, ferrifele en ferret en troch de machthawwers temartele en fermoarde. Sa is it ek hjoed-de-dei yn de tiid dêr’t wy yn libje.

Der is in minderheid dy’t rjocht profetearret út namme fan de Hear,

sûnder wryt of slyt yn libben en lear en neffens Gods Wurd. En der is in mearderheid fan falske predikanten dy’t fleislik binne en neat mienskiplik hawwe mei it evangeelje fan Kristus, en hja begekje, mishannelje, misliede en ferriede de minderheid, dy’t op har oanstean temartele en deamakke wurdt.

Och, soks hawwe de apostels nea dien.
Dy binne nea nei machthawwers en bestjoerders ta rûn
om har saak mei geweld, mei it swurd foar te stean.

(Oan de breid fan Kristus)

By einsluten wol ik my rjochtsje ta de lju dy’t út mylde genede fan de Heare mei my roppen en ûnderwiisd binne, om’t wy ien leauwe, ien doop, ien God, ien Hear ûntfongen hawwe, ien geast en ien lichem yn Kristus Jezus wurden binne, en ik wol harren fermoanje mei de leaflike stim fan Jezus Kristus, dêr’t Er Syn útferkarde breid mei oansprekt, dy’t Hy fertroude doe’t Er sei:

Kom oerein, Myn freondinne, Myn aldermoaiste, en kom!
Want sjoch, de winter is foarby. De reintiid is foarby, hielendal foarby.
De blommen binne opkommen út de grûn, de maitiid is begûn,
it koeren fan de toarteldo wurdt yn ús lân heard.
De figebeam teart syn jonge fruchten út,
de bloeiende wynstokken rinne yn ’e knop en rûke lekker.
Kom oerein, Myn freondinne, en kom, Myn aldermoaiste!

Myn útferkarde susters en bruorren yn Kristus Jezus, wês net benaud, bliuw by de banier fan de gerjochtichheid, gean net by it seinige krús fan Kristus Jezus wei, al moatte jim de hjittens fan de sinne in setsje ferneare. Dan kinne jim mei ynmoed sizze:

Donker fan hûd bin ik, mar bekoarlik,
dochters fan Jeruzalem,
as de tinten fan Kedar,
as de tintekleden fan Salomo.
Sjoch net op my del om’t ik donker bin,
want de sinne hat my ferbaarnd.

Hear dochs nei de stim fan jim Hear, de stim fan de breugeman, de stim fan de Kening: Kom oerein en meitsje jim moai, foar de eare fan jim Kening. Al binne jim hillich, hilligje jim noch mear. Al binne jim rein, meitsje jimsels noch reiner. Al binne jim rjochtfeardich, rjochtfeardigje jim noch mear. Al binne jim suver, suverje jim noch mear.

Lûk it blinkende linnen kleed fan de rjochtfeardichheid oan
hingje de gouden keatling fan goede wurken om ’e hals
doch de gouden gurdle fan bruorreleafde om
sko de ring fan it leauwe om ’e finger
klaai jim mei it eale fine goud fan it godlike Wurd
sier jim mei de pearels fan deugden by de rûs
waskje jim mei it suvere reine wetter fan genede
salvje jim mei de oalje fan de Hillige Geast
waskje jim de fuotten yn de helder blinkende floed fan Gods almacht.

Lit de hiele lea suver en helder wêze, want dyn Freon hat in wearze yn alle ronfels en smetten. Wês kroane mei de kroan fan hearlikheid, dan sille de dochters fan keninginnen dyn kroan omheech hâlde om dy te earjen. Hear, dochter, en sjoch, doch de earen op, ferjit dyn folk en it hûs fan dyn heit, want de Kening hat dyn skjintme begeard. Kom yn sân hasten oerein en ûntfang de Moaiste fan alle minskebern, gean bliid de glorieuze Kening fan alle hearlikheid temjitte dy’t dy útferkard hat.

Wês sterk, fleurich en from.
De brulloft fan it Laam brekt oan.

De sûnde fertsjocht, de wierheid komt oan it ljocht, de ûntelbere dagen sûnder frucht binne foarby. Dêrom bilet en byt no Serberus, de wrede helhûn, mei syn lange tosken, en Proserpina, de dealske helske frou mei it slangehier, dat is de njirre, de âlde slang mei syn tsjoede bern.

Hy hopet, al sil him dat net slagje, de wierheid dy’t oan it ljocht kommen is,
op alle mooglike wizen út te rûgjen, lykas troch

      • frijsinnige lear
      • falske hilligens
      • wreed geweld

Haw gjin noed, lytse keppel, want it hat de Heit hage en jou jim it keninkryk. Striid de goede striid fan it leauwe, flechtsje nei de berch fan behâld, dat is Kristus Jezus, stel jim fertrouwen yn gjin inkeld wêzen mar allinnich yn de namme fan de Hear. Elkenien dy’t safier komt, sil rêden wurde.

Takomme wike de lêste ôflevering

novimber 21, 2021 08:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.