‘Fûnemintboek’ Menno Simons (6)

novimber 7, 2021 07:05 Fernijd

Wat hjiroan foarôf gie: ‘Fûnemintboek’ Menno Simons (5) | It Nijs

Ut Haadstik 5. It nachtmiel

ynlaat troch Eric Hoekstra

Yn it haadstik oer it nachtmiel polemisearret Menno wer fûl mei de lear fan de roomsk-katolike tsjerke. Dy tsjerke fettet it sakramint op as in materieel dielhawwen oan de lea fan Kristus, wylst it foar Menno geastlik is. Luther hat ek in haadstik oer it nachtmiel, dat mear de klam leit op it maatskiplik-dissiplinêre belang fan it bywenjen fan it nachtmiel. Kalvyn besprekt it nachtmiel as ûnderdiel fan syn haadstik oer de sakraminten. It is opfallend dat Menno amper omtinken jout oan de maatskiplike kant fan it leauwe, sa’t Luther en Kalvyn dat wol dogge. Luther en Kalvyn sjogge de maatskippij, krekt as de roomsk-katolike tsjerke, as in teokrasy. Menno docht dat net, om twa redenen: hy is folle mear rjochte op it Nije Testamint as it Alde, en Menno heart ta in partij dy’t ferfolging ûndergiet fan in teokratyske maatskippij, krekt sa’t kristenen ferfolge wurde yn islamityske lannen. Fierder polemisearret Menno ek tsjin it idee dat it brea en de wyn fan it nachtmiel in deistich offer foar de sûnde binne. Menno merkt op dat it offer al brocht is troch Jezus Kristus, en hy bestimpelet de roomske hâlding foar brea en wyn oer as ôfgoaderij. Hjirûnder folget in tal fragminten út Menno syn haadstik oer It nachtmiel.

Mei dy wurden hat Kristus it hillich nachtmiel ynsteld. Datoangeande hawwe de learden fan de wrâld inoar faak mei de wûnderlikste arguminten bestriden, en se hawwe yn in lyts bytsje tiid in see fan bloed oer de fleisbank streame litten. Mar as se tochten dat se wiis wiene, nee, se binne gek wurden. Want it foarnaamste datoangeande hawwe se mist:

            Foar wa is it nachtmiel ornearre en wannear moat men der net by wêze?

Us is nearne opdroegen dat wy spul meitsje moatte oer it wêzen fan it nachtmiel. Us is opdroegen dat wy it weardich wêze moatte en wenje it nachtmiel kwa ynhâld en betsjutting by, sa’t Paulus seit:

Mar lit alleman himsels hifkje en lit hy it weardich wêze
om te iten fan it brea en te drinken út de drinkbeker.

Dêrom is it foar ús needsaak en sis farwol tsjin alle grutte strideraasjes, bargebiten en twadracht en stribje der inkeld nei om rjochte brûkers fan it nachtmiel te wêzen yn oerienstimming mei it gebod fan de Hear.

Sa’t Paulus leart, de Soan fan God is net sparre, Hy is foar ús allegearre jûn. Foar sûnders en fijannen is Hy stoarn, gerjochtich foar wa’t ûngerjochtich is.

It ûnbesmette Laam is ferbaarnd troch it gleone fjoer fan de leafde hingjende oan it krús.

De Skepper fan alle kreatueren is brutsen fan boppen nei ûnderen ta. Hy dy’t moai wie boppe alle minskebern, hie ôfstân dien fan Syn moaiens. As in melaatske en ferwurpene waard er beskôge, Hy waard ta de kweaden rekkene. De Unskuldige moast de hiele skuld fan Adam drage, as Hy seit (Psalm 69:5):

Wa’t Ik net nommen haw,
dat moat Ik betelje.

Fierder wurde wy troch it nachtmiel oanpoend ta de ienheid en de leafde yn Gods gemeente, omdat wy der allegearre oan dielnimme, ien brea binne. Ien brea, dat is ien lichem yn Kristus Jezus, sa’t Paulus seit:

Wy, folle net genôch, binne ien lichem fan ien brea, want wy nimme allegearre diel oan it brea.

Want sa’t it brea fan in protte nôtkerlen troch it fjoer ta ien brea bakt wurdt, sa wurdt ek Gods gemeente fan folle net genôch leauwigen of lidden troch de wiere leafde as ien lichem byinoar brocht. Sa’t de natuerlike lea iendrachtich en ien fan wollen is, sa moatte wy ek ien fan hert en geast wêze, sûnder twadracht yn it leauwe, net út op eigenwillichheden of strideraasjes, net grutsk of elk fan syn eigen fielen útgeande.

Nee, wy moatte krekt oarsom nederich wêze en de Heare priizgje en alle bern fan God mei leafde tsjinje sa’t de lidden fan ’e lea altyd de oare lidden helpe en tsjinje.

2. By it miel fan de deale is elkenien wolkom

As twadde leare hja dat it brea wier fleis wurden is en de wyn wier bloed en dat de wurden fan Kristus letterlik nommen wurde moatte (‘nim en yt’ en sa mear).

Mar hja sljochtsje it feit oer dat Kristus Jezus sels yngeand útleit (Johannes 6:51-63) hoe’t men Syn fleis ite moat en Syn bloed drinke, en dat it gjin fertuten docht as dat net geastlik opfette wurdt, mar inkeld mar fleislik.

Dat kin ek net, want as Hy lichaamlik wer op it plak wêze woe dêr’t Er earder wie, dan koe soks allinnich geastlik opfette wurde. Want de wurden dy’t Hy spriek, wiene Geast en Libben, mar wa’t soks erkent, wurdt útskolden foar ketter en skeiner fan de sakraminten. Wa’t de wierheid erkent, moat ek ree wêze ta de dea.

Myn alderleafste bruorren en susters, is it net in jammerdearlike en te bekleien dwaling om te learen en te leauwen dat in stikje brea en in slokje wyn transsubstansearre en feroare wurde yn de ivige Soan fan God, dy’t ús troch Syn dea fermoedsoening brocht? O bistige ketterij! Leau dochs de wurden fan God dat it iten fan fleislik fleis gjin fertuten docht en dat Syn wurden Geast en Libben binne.

Takomme snein fierder

 

novimber 7, 2021 07:05 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.