FryslânDOK oer Kneppelfreed, te sjen op 13 en 14 novimber

novimber 11, 2021 08:48 Fernijd

It rjocht om Frysk te praten waard op 16 novimber 1951 net allinnich foar de Ljouwerter rjochtbank befochten, mar ek op strjitte. Dy dei gong de skiednis yn as ‘Kneppelfreed’. Mar hoe stiet it Frysk der no foar, santich jier letter? De FryslânDOK ‘U heeft het recht om Fries te spreken’ is te sjen op 13 novimber by NPO2 en op 14 novimber by Omrop Fryslân.

Boarne: Omrop Fryslân

Alle kranten fan 17 novimber 1951 skreauwen hoe’t de plysje mei gummystôk en brânspuit hurd optrede tsjin de demonstranten op it Ljouwerter Saailân. ‘Kneppelfreed’ hie wol resultaat: rillegau nei de ûngeregeldheden waard de posysje fan de taal better ferankere yn ‘e wet en krigen Friezen it rjocht om by de rjochtbank en yn it iepenbier bestjoer harren eigen taal te brûken. De provinsje en it Ryk praten ôf om de Fryske taal te fersterkjen yn it ûnderwiis en it maatskiplik libben. ‘Kneppelfreed’ wurdt sûnt sjoen as in wichtich momint foar de emansipaasje fan it Frysk.

Feest en protesten
De dei wurdt betocht mei in teäterstik, in eksposysje en oare aktiviteiten. FryslânDOK docht ûndersyk nei de fraach hoe’t it Frysk by de rjochtbank der no foar stiet, santich jier nei Kneppelfreed. Dat wiist net sa bêst: de tolken Frysk dy’t by justysje wurkje, binne yn staking tsjin de lege beleanning en dêrmei driget it Frysk wer út de rjochtspraak te ferdwinen. De Ried fan Europa hat der noed mei hoe’t Nederlân omgiet mei it Frysk.

FryslânDOK: ‘U heeft het recht om Fries te spreken’
Sneon 13 novimber NPO2 15.30 oere
Snein 14 novimber Omrop Fryslân 17.00 oere (werhelling alle oeren)

novimber 11, 2021 08:48 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.