FryslânDOK: ‘De ûntdekking fan Fryslân’ diel 1 en 2

novimber 16, 2021 11:43

Te sjen op 20 en 27 & 21 en 28 novimber

By de betinking fan 70 jier Kneppelfreed freget FryslânDOK him ôf wêr’t it idee fan in Fryske identiteit eins op basearre is. ‘De ûntdekking fan Fryslân’ is in dokumintêre yn twa dielen, út te stjoeren op 20 en 27 novimber by NPO2 en op 21 en 28 novimber troch Omrop Fryslân.

Boarne: Omrop Fryslân

Yn Ljouwert waard op 16 novimber 1951 in rjochtsaak fierd oer de Fryske taal. Dy dei gong de skiednis yn as ‘Kneppelfreed’ en wurdt field as in kearpunt: sûnt dat stuit binne de Friezen har bewuster fan har bysûndere taalposysje yn Nederlân.

Fryske Frijheid
Neist de striid foar de taal krige de Fryske ‘eigenheid’ doe ek in nije stimulâns. Neffens Bert Looper, oant foar koart direkteur fan histoarysk en letterkundich sintrum Tresoar, kaam mei Kneppelfreed de ferbylding oan ’e macht yn Fryslân. Faak waard ‘de Fryske Frijheid’ oanhelle, de letmidsiuwske perioade doe’t Fryske gebieten ûnder gjin inkeld sintraal gesach yn Europa foelen. Fryske bestjoerders yn de fyftiger jierren omearmen ek fan herte it gefoel fan in Fryske ‘eigenheid’. Dy manifestearret him hieltyd opnij, oanpast oan nije werklikheden, mei langstme as in sterke oanjager.

Raffelrântsjes
Yn ‘De ûntdekking fan Fryslân’ krije de ynwenners fan Fryslân fan no yn in enkête de fraach hoe’t sy har identiteit persoanlik ûnderfine. En oft se wat fiele fan in mienskiplike Fryske identiteit, yn of bûten de provinsje, yn in globalisearjende maatskippij. De aaklike raffelrântsjes komme ek oan ’e oarder. Fiele minsken har wolris bûtensletten, of slute sy sels oaren bûten?

FryslânDOK: ‘De ûntdekking fan Fryslân’ diel 1 en 2

Sneon 20 en 27 novimber NPO2 15.30 oere (werhelling 21 en 28 novimber 13.10 oere) Snein 21 en 28 novimber Omrop Fryslân 17.00 oere (werhelling alle oeren).

novimber 16, 2021 11:43
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.