Fryske tolk krige ‘Fear yn ’e Broek’

novimber 30, 2021 08:30

Rjochtbanktolk Frysk Fedde Dijkstra hat sneon fan de Ried fan de Fryske Beweging de ‘Fear yn ’e Broek’ útrikt krige om’t er it rjocht fan de Friezen om harren memmetaal foar de rjochter te brûken yn it omtinken brocht hat fan lanlike media en Haachske politisy. Hy die dat troch syn wurk as tolk Frysk del te lizzen, omreden fan de minne beleanning dy’t tolken krije. Dat wie ek de reden dat der by de útrikking in delegaasje fan de Oarder fan Registertolken en -oersetters oanwêzich wie, dy’t Dijkstra allyksa betanke foar syn krewearjen.

Rjochtbanktolk Fedde Dijkstra (lofts) wurdt tasprutsen troch foarsitter Pier Bergsma fan de Ried fan de Fryske Beweging. Foto: It Nijs

De útrikking waard dien by de Fedde Schurerlêzing dy’t dit jier krekt ‘Kneppelfreed 70 jier‘ as tema hie. De rebûlje op Kneppelfreed, 16 novimber 1951, foarme no just de oanlieding om it brûken fan it Frysk yn de rjochtsealen te regeljen. Yn syn tankwurd brocht Dijkstra ûnder oare op it aljemint dat hy, oars as by it tolkjen yn oare talen, eins allinnich út it Frysk wei hoecht oer te setten, net nei it Frysk ta. Want wylst in Frysktalige beskuldige altyd wol Nederlânsk ferstiet, moatte syn of har wurden oerset wurde foar de abbekaat-generaal, de rjochters en de griffier om’t dêr faak gjinien Frysk fan ferstean kin. In situaasje dy’t Friezen perfoarst net útnûget ta it brûken fan harren memmetaal. Dêrmei yllustrearre Dijkstra daliks itjinge dat in amerijke dêrfoar yn bydragen oan de Fedde Schurerlêzing oan de oarder kaam wie. Sa hie heechlearaar Sigrid Hemels krekt ornearre dat it regear him net hâldt oan wetlike ferplichtings om it brûken fan it Frysk te stimulearjen, mar it yn stee dêrfan ûntmoediget. En sjoernalist Abe de Vries hie dêroan taheakke: “Wat gewoan wêze moatte soe, Frysk prate tsjin in rjochter, is ta in tastiene útsûndering makke. Wolle jo wat, dan moatte je x-wiken fan tefoarren in tolk oanfreegje. Fan it moaie Kneppelfreedrjocht wurdt allinnich al dêrom mar in hiel, hiel lyts bytsje gebrûk makke.”

It útrikken fan de Fear troch foarsitter Pier Bergsma fan de Ried fan de Fryske Beweging, de tanksizzing fan Heleen Sittig, tolk en oersetter Spaansk en lid fan de lederied fan de Orde van Registertolken en -vertalers en it tankwurd fan Fedde Dijkstra binne hjirûnder te besjen. It filmke is makke troch Azzouz Ifzaren.

novimber 30, 2021 08:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.