Fryske sinteklaasgedichtewedstriid

novimber 14, 2021 08:47

De Fryske Akademy en de Provinsje Fryslân organisearje in gedichtewedstriid foar jong en âld mei prizen yn ferskate leeftiidskategoryen. Oanlieding is de lansearring fan it nije online taalportaal Frysker.nl.

Boarne: Provinsje Fryslân

De wedstriid
Dielnimmers oan de wedstriid kinne by it skriuwen fan it gedicht gebrûk meitsje fan Frysker.nl . Gedichten kinne ynstjoerd wurde foar 1 desimber 2021 nei frysker@fryske-akademy.nl, ûnder fermelding fan namme, adres, e-mail, telefoannûmer, âldens en evt. skoalle.

In deskundige sjuery, besteande út Eric Hoekstra (Fryske Akademy), Nienke Jet de Vries (Provinsje Fryslân) en de Fryske dichter Sigrid Kingma, sil de gedichten beoardielje. Op 3 desimber wurde de priiswinners bekend makke.

Frysker: sykje, hifkje en oersette
Frysker.nl is in noflik wurkjend platfoarm foar it brûken fan it Frysk. Eigentiidsk digitaal skriuwark dat stipe jout by it opstellen, staverjen en oersetten fan Fryske teksten.

Lansearing
Freed 19 novimber is de 11e Dei fan de Fryske Taalkunde. Direkteur-bestjoerder Nelleke IJssennagger-van der Pluijm (Fryske Akademy) en Deputearre Sietske Poepjes (Provinsje Fryslân) sille op dy dei Frysker.nl offisjeel lansearje.

Taheakke: struibrief sinteklaasgedichtewedstriid

novimber 14, 2021 08:47
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.