Fryske apoteker faksinearret sels

novimber 23, 2021 08:45

Klanten fan apoteker Rogier Hilvers út Easterwâlde kinne sûnt moandei by him terjochte foar in koroanaprip. Foar safier bekend is er de earste apoteker yn Nederlân dy’t net inkeld advys jout oer medisyngebrûk en medisinen ferkeapet, mar ek sels faksinearret.

Foto: pixabay.com

Ofrûne simme besleat er dat er oan de faksinaasjekampanje bydrage wol en folge er in kursus. Under tasjend each fan in dokter mei er no faksinearje. Hilvers rjochtet him foaral op minsken dy’t noch gjin koroanafaksin hân hawwe. De oppepprippen set de GGD. Ut ûndersyk hat bliken dien dat minsken dy’t noch net faksinearre binne bygelyks wachtsje op in persoanlike útnûging of dat se noch ynformaasje misse. Dêrmei kin Hilvers harren yn syn apoteek fuortdaliks helpe.

In oare opfallende reden wêrom’t minsken harren net faksinearje lieten, fertelt Hilvers, is om’t der tocht wurdt dat it fan it eigen risiko ôfgiet. Dy ûndúdlikheid wol er ek weinimme. De faksinaasje is fergees en minsken kinne der by Hilvers sûnder ôfspraak yn rinne. Hy hopet dat mear apotekers yn Nederlân syn foarbyld folgje sille.

novimber 23, 2021 08:45
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.