Frysk Museum keapet bernefoto Mata Hari op feiling
Resint ferskynd
It Frysk Museum hat in foto fan in twajierrige Margaretha Zelle bemachtige. Dêrmei is it de âldste foto út de kolleksje fan it museum fan de frou dy’t letter as Mata Hari troch it libben gean soe.

Adam Zelle (foto: Frysk Museum)
De foto waard mei oare persoanlike besittingen fan Mata Hari oanbean troch Feilinghûs De Zwaan yn Amsterdam. Njonken it portret fan de lytse Margaretha kocht it Frysk Museum ek in foto fan har heit, de Ljouwerter sakeman Adam Zelle, út 1858. Beide foto’s sille earst restaurearre wurde.
De foto’s komme út de neilittenskip fan keunstskilder Piet van der Hem, mei wa’t Margaretha koarte tiid in amûreuze relaasje hie. Nei alle gedachten hat se it guod flak foar har fuortgean nei Parys yn 1916 oan him jûn. Net folle letter, op 15 oktober 1917, ferstoar Mata Hari foar in Frâns fjoerpeloton, feroardiele fanwege spionaazje foar de Dútsers.
Oanwinst
Op it bernefotoke, ek wol ‘carte de visite’ neamd, posearret Margaretha as pjut selsfersekere foar de kamera fan de Ljouwerter fotograaf J. Slaterus. De foto is in moaie oanfolling op de Mata Hari-kolleksje fan it Frysk Museum. “Margaretha Zelle is foaral bekend as eksoatysk dûnseresse, kûrtisane en ûndersteld spionne yn de Earste Wrâldoarloch. Nei har dea binne der in protte myten oer har ûntstien. Mar dêrnjonken wie se ek gewoan in Frysk famke, mei dreamen en idealen. Wy binne tige wiis dat wy mei dit moaie portret in ekstra diminsje taheakje kinne oan de ferskate identiteiten fan Mata Hari”, seit direkteur Kris Callens fan it Frysk Museum.

Margaretha Zelle (foto: Frysk Museum)
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje