Freed boekpresintaasje ‘Kneppelfreed: ferline en takomst fan de Fryske taal’

novimber 11, 2021 08:59

Yn 2021 is it santich jier lyn dat Kneppelfreed plakhie. Dat is in goed momint om stil te stean by ferline en takomst fan de Fryske taal. Op freed 12 novimber is dêrom de feestlike presintaasje fan Kneppelfreed 2021 mei Peter Boomsma, Piter Wilkens, Pier21 en de gastskriuwers, Kommissaris fan de Kening drs. Arno Brok, advokaat Tjalling van der Goot, âld-lektor Alex Riemersma en âld-boargemaster Johanneke Liemburg.

Boarne: EBLT

Hoe stiet it derfoar mei de Fryske taal, santich jier nei Kneppelfreed op 16 novimber 1951? Op de middei stiet it boek Kneppelfreed 2021 sintraal. Skriuwer Peter Boomsma is benijd nei de stân fan saken fan it Frysk yn de rjochtseal, yn it ûnderwiis, by de Fryske gemeenten en yn bestjoerlik Fryslân. It boek is in twatalige werútjefte mei bydragen fan Kommissaris fan de Kening drs. Arno Brok, advokaat Tjalling van der Goot, âld-lektor Alex Riemersma en âld-boargemaster Johanneke Liemburg. Amarins Geveke, bestjoerslid fan it Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT), sil yn petear mei de skriuwer Boomsma en de gastskriuwers. Op de middei wurdt der ek in skets út de foarstelling Kneppelfreed fan Pier21 spile en sjongt Piter Wilkens in spesjaal troch him komponearre liet oer Kneppelfreed.

Yn novimber organisearje in soad organisaasjes yn Fryslân aktiviteiten yn it ljocht fan santich jier Kneppelfreed mei Taal fan myn hert. De middei wurdt organisearre troch it Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT), Uitgeverij Louise en Provinsje Fryslân op freed 12 novimber 2021 fan 15.00 oant 17.00 oere yn de Steateseal fan it Provinsjehûs te Ljouwert. Der is ek in livestream op de webside fan de provinsje om digitaal de middei by te wenjen.

Ynrin mei kofje, tee en wat lekkers fan 14.30 oere ôf. Tagong is allinnich nei oanmelding by it EBLT. Yn it Provinsjehûs moat elkenien syn koroanatagongsbewiis/QR-koade sjen litte.

novimber 11, 2021 08:59
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.