Foech foar Frysk ûnderwiis

novimber 27, 2021 09:26

Ynstjoerd

Alex Riemersma pleitet yn in ynstjoerd stik yn de LC fan 12 novimber yn de rubryk Podium derfoar om yn in nij regearakkoart de rol fan de provinsje as earstferantwurdlike oerheid te fersterkjen troch elts jier in rapportaazje oer it Frysk te besprekken yn Provinsjale Steaten fan Fryslân.

Dat heart moai, mar ik bin bang dat it net genôch is om de posysje fan it Frysk te ferbetterjen, omdat it echte probleem net oanpakt wurdt. Dat is it feit dat net de provinsje mar de steat einferantwurdlik is foar Frysk ûnderwiis. De ferantwurdlikheid fan de provinsje beheint him ta it formulearjen fan kearndoelen en it jaan fan folsleine of parsjele ûntheffingen oan skoallen fan Frysk ûnderwiis. De situaasje fan it Frysk sil pas echt ferbetterje as it foech foar Frysk hielendal by de provinsje komt te lizzen, ynklusyf de ynspeksje. Neffens minister Ollongren liket de situaasje fan in eigen Fryske ynspeksje op in slachter dy’t syn eigen fleis keurt, mar dat slacht as in tange op in baarch: dat soe dan ek jilde foar de Nederlânske ynspeksje dy’t it ûnderwiis Nederlânsk ynspektearret.

It betsjut net automatysk dat de situaasje dan ideaal wurdt, mar it foardiel is dat Provinsjale Steaten dan streekrjocht de provinsje op de kwaliteit fan it Frysk ûnderwiis oansprekke kinne, wylst sy harren no ferskûlje kinne efter de ryksoerheid. Uteinlik hat de ryksoerheid gjin grevel ynteresse yn it Frysk, sa’t bliken docht út it optreden fan ministers Ollongren en Slob. In taalwet Frysk ûnderwiis soe dat regelje moatte.

Oars as Riemersma tinkt, kinne neffens my de politisy fan no net de aksjefierders fan eartiids rjocht yn ’e eagen sjen salang’t Fryslan net it folsleine foech oer it Frysk ûnderwiis hat. Fedde Schurer syn hert soe in spronkje meitsje as Kneppelfreed liede soe ta mear foech foar Fryslân oer eigen saken, ynklusyf ûnderwiis Frysk.

Jehannes Elzinga
Frjentsjer

novimber 27, 2021 09:26
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.