Foarsitter Feilichheidsberie: ‘As besmettingen net tebekrinne, hiele winter tichtplicht’

novimber 22, 2021 08:48

De besmettingssifers fan dizze wike binne krusjaal foar mooglike nije koroanamaatregels. Dat seine firolooch Marion Koopmans en de foarsitter fan it Feilichheidsberie Hubert Bruls yn it VPRO-programma Buitenhof. Hja binne bang dat it effekt fan de maatregels dy’t ferline wike sneon yngien binne, útbliuwe sille om’t minsken har der net genôch oan hâlde.

Foto: pixabay.com

“Ik bin teloarsteld oer hoe’t wy allegearre mei-inoar de maatregels ûnfoldwaande neilibje”, sei Bruls. “Dizze wike wurdt hiel spannend. As it neilibjen fan de maatregels net fûneminteel feroaret en it tal besmettingen net substansjeel tebekrint, koerse we ôf op in tichtplicht dy’t de hiele winter duorje sil.” Dat soe Bruls tige spitich fine, seit er. “Ik leau nammentlik wol yn de strategy fan net alles fuortdaliks slute.”

Frou Koopmans, lid fan it Outbreak Management Team (OMT), sjocht ek noch gjin effekt fan de hjoeddeiske maatregels. Saken dy’t dêrop wize kinne soene, binne neffens har noch net sichtber. “Soks as mear thúswurkje, mear thúsbliuwe, gjin drokte opsykje, dat soe no yn bygelyks de mobiliteitssifers te fernimmen wêze moatte, mar dat is net sa. Dat ik haw noed oft it effekt wol berikt wurdt.”

It OMT hie ôfrûne freed wer in gearkomste en komt takom wike mei in nij advys oan it kabinet. Neffens Koopmans giet it advys foaral oer de perioade nei 3 desimber, as de hjoeddeiske maatregels ôfrinne. Mooglik komt der al earder in parsekonferinsje, mei’t de koroanasifers op it stuit bot oprinne.

Sjoch de wyksifers fan 9 o/m 16 novimber fan it RIVM.

novimber 22, 2021 08:48
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.