Foarearst gjin faksinaasjeplicht Amerikaanske bedriuwen

novimber 14, 2021 08:54 Fernijd

In federale rjochtbank yn de Feriene Steaten hâldt in faksinaasjeplicht foar wurknimmers fan grutte bedriuwen foarearst tsjin. Presidint Biden wol dat bedriuwen mei mear as hûndert meiwurkers derfoar soargje dat dy mei yngong fan 4 jannewaris allegear yninte binne.

Foto: pixabay.com

Dy maatregel kundige er begjin novimber oan, mar in groep bedriuwen tekene beswier oan by de rjochtbank yn New Orleans. Dy rjochtbank hold de maatregel tsjin, mei’t dy slimme grûnwetlike beswieren meibringe soe. De federale rjochtbank giet dêr no yn mei.

Neffens it regear-Biden sil it ynlûken fan de maatregel de koroanagoarre allinnich mar langer duorje litte en kin it tsjinhâlden fan de faksinaasjeplicht tsientallen of hûnderten libbens deis kostje. De federale rjochtbank fersmiet dat argumint.

novimber 14, 2021 08:54 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.