Foar de tredde kear winner fan Liet!
Resint ferskynd

De finale fan sjongfestival Liet is woansdei wûn troch Adri de Boer fan Surhústerfean, mei it ferske Bliuw mar by my. Hy naam it op tsjin seis oare acts, dy’t strieden om it bêste orizjinele liet yn it Frysk of yn ien fan de streektalen yn Fryslân.

Adri de Boer (foto: Piet Douma)
Yn de finale gie it úteinlik tusken Adri de Boer, Fokko Jan van der Ploeg en The Lone Wolf. De Boer krige likegoed fan de sjuery as fan it publyk de heechste beoardieling. Hy krige begelieding fan Bernhard Holtrop op bas en Sido Post op akkordeon.

Adri de Boer (foto: Piet Douma)
De Boer stiet al fan syn 15e ôf op it poadium. Earst as oargelist, mar dêrnei al fluch yn ferskate bands. As trûbadoer is er ek bekend. Sûnt 1987 sjongt er al yn de Fryske taal. Yn 1998 en 2001 wûn er it festival ek al.
Liet wie dit kear sûnder publyk. Ut poppoadium Neushoorn yn Ljouwert wie in livestream te sjen.

Alle finalisten (foto: Piet Douma)
Boarne: Omrop Fryslân
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje