Fan wittenskiplik ûndersyk nei berneprogramma by ‘Het Klokhuis’

novimber 5, 2021 08:51

Yn it berneprogramma Het Klokhuis giet it op woansdei 17 novimber oer twataligens. Oanlieding is de Klokhuis Wetenschapsprijs dy’t foarich jier wûn is troch Evelyn Bosma (Fryske Akademy) en Naomi Nota.

Ofbylding: NTR

Jierliks organisearret it berneprogramma Het Klokhuis in ferkiezing foar wittenskiplike ûndersiken dy’t foar bern fan belang binne, de Klokhuis Wetenschapsprijs.

Mei harren ûndersyk ‘Hoe lêze twatalige bern yn Fryslân’ wie de priis ferline jier foar taalwittenskipper Evelyn Bosma (Fryske Akademy) en Naomi Nota. Se krigen in kwart fan alle stimmen dy’t bern útbrochten op harren favorite ûndersyk.

Nei oanlieding dêrfan hat Het Klokhuis in ôflevering oer twataligens makke. De measte bern hawwe ien memmetaal. Guon bern groeie op mei mear as ien taal, bygelyks omdat harren mem Nederlânsk is en harren heit Spaansk. Of omdat der thús Arabysk praat wurdt en op skoalle Nederlânsk. Yn Fryslân krije in soad bern sawol Frysk as Nederlânsk mei de brijleppel ynjûn. Hoe is it om twatalich te wêzen? Wat binne de foar- en de neidielen fan meartaligens? Yn hokker taal dreamst ast twatalich bist?

Yn de ôflevering komme ferskillende bern oan it wurd dy’t sels twatalich binne en fertelle Bosma en Nota oer harren ûndersyk nei twataligens by bern yn Fryslân.

De ôflevering sil foar it earst fertoand wurde op woansdei 10 novimber ûnder de iepening fan it InScience Festival yn Nijmegen en is in wike letter, op woansdei 17 novimber, te sjen op ‘e telefyzje.

novimber 5, 2021 08:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.