Earste tasizzing op klimaattop Glasgow: foar 2030 ein oan ûntbosking

novimber 2, 2021 08:26

Mear as hûndert wrâldlieders hawwe op ’e klimaattop fan Glasgow tasein om foar 2030 in ein oan ûntbosking te meitsjen. Hja wolle de bosken ek beskermje en ferbetterje. Dat is it earste ûnthjit fan de top.

Foto: pixabay.com

Foar it tsjingean fan ûntbosking wurdt omrekkene sa’n 16,5 miljard euro frijmakke út publike en private fûnsen. In part dêrfan wurdt brûkt om skansearre stikken bosk te ferbetterjen, natuerbrannen te bestriden en ynlânske befolkingen te stypjen.

Sa’n 85 persint fan alle bosken yn ’e wrâld leit yn de lannen fan de goed hûndert ûndertekeners. Ien fan dy lannen is Brazilië, dêr’t grutte parten fan it Amasônegebiet de ôfrûne jierren omrûge binne. Fierder stypje lannen as Yndonezië, Ruslân, de Demokratyske Republyk Kongo en ek Nederlân it akkoart.

De Britske premier Johnson, gasthear fan de klimaatkonferinsje, neamt de ôfspraak in mylpeal om de bosken op ierde te beskermjen en te ferbetterjen. It doel fan de top is om te besjen hoe’t de wrâld de opwaarming fan de ierde beheine kin ta ûnder goed twa graden, en leafst ûnder oardel graad, lykas seis jier lyn by de klimaattop fan Parys ôfpraat is.

Op de earste dei fan de klimaattop waarden taspraken troch wrâldlieders holden. Premier Rutte neamde de hjoeddeiske situaasje slim. Hy frege om serieuze maatregels.

novimber 2, 2021 08:26
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.