Dútslân kriget regear sûnder CDU
Resint ferskynd

De Dútske partijen Die Grünen, SPD en FDP sille in regear foarmje. De CDU fan kânselier Angela Merkel sit foar it earst sûnt 2005 net yn de koälysje. Fertsjintwurdigers fan de trije nije regearingspartijen presintearje hjoed harren program.
De sosjaal-demokratyske SPD is de grutste fan ‘e trije en it hat eigenskip dat listlûker Olaf Scholz de nije kânselier fan Dútslân wurdt. Benammen troch de ynfloed fan Die Grünen hat it nije regear in protte miljeumaatregels yn ‘t sin. Sa wol it hurd alle koalesintrales slute. Fierder wol it regear dat de ynternetferbinings yn Dútslân better wurde.
De liberale FDP is de lyste fan ‘e trije partijen en hat nei ferwachting de minste ynfloed op it regearingsprogram hân, mar de ferwachting is dat de wichtige funksje fan minister fan finânsjes foar in FDP’er wêze sil.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje