‘Druk’ wint publykspriis op slotjûn Noardlik Filmfestival

novimber 15, 2021 08:02

De 41e edysje fan it Noardlik Filmfestival is sneintejûn ôfsletten mei de film Spencer. Lykas wenst waard dêroan foarôfgeand buorkundich makke hokker film de publykspriis wint. Dat is it Deenske topstik Druk fan Thomas Vinterberg wurden. De film krige fan it publyk in trochsneed skoare fan 9,4.

Foto: Lucas Kemper

Druk (dronken) giet oer fjouwer leararen fan in middelbere skoalle dy’t in eksperimint mei deistich alkoholgebrûk dogge om te sjen hoe’t dat har sosjale en beropslibben beynfloedet. It publyk wie tige entûsjast. De nûmer twa, Riders of Justice, in film dy’t krekt as Druk akteur Mads Mikkelsen yn ’e haadrol hie, hie in skoare fan 9,2. Op in dield tredde plak einigen Herself en de iepeningsfilm Silence of the Tides mei in 9,0.

It publyk hat by it festival manmachtich op films stimd en wie oer it generaal rynsk mei it útdielen fan punten. De folsleine ranglist is fan hjoed ôf te lêzen op noordelijkfilmfestival.nl.

Underskiedingen
It Noardlik Filmfestival waard woansdei 10 novimber feestlik iepene mei de fertoaning fan de dokumintêre Silence of the Tides. Nei ôfrin fan de film ûntfong regisseur Pieter-Rim de Award for Special Contribution to Northern Cinema fanwege syn weardefolle bydrage oan de Noardlike sinema mei dy film.

Op oare dagen waarden ek wichtige prizen útrikt. De koarte film Wat is daarop uw antwoord is sneontejûn útroppen ta bêste film fan The 48 Hour Film Project Ljouwert. Snein koe filmmakster Maria Stuut har gelok net op doe’t bekend waard dat sy de Filmkick Kompetysje wûn hat. Hja kriget € 10.000 dêr’t se har koarte film Skûtsje mei realisearje kin. Dy film wurdt by it festival fan 2022 fertoand.

De útrikking fan de Filmkick Kompetysje gie lykop mei de útrikking fan de sân Noorderkroon Awards. Jörgen Scholtens ûntfong de ûnderskieding foar bêste spylfilm foar Little Amsterdam en Bart Eysink Smeets dy foar bêste dokumintêre foar Bart en de steen die terug naar huis ging.

De 41e edysje fan it Noardlik Filmfestival telde yn totaal 13.000 besiken fan filmleafhawwers. Hja koene genietsje fan in kar oan films, allegearre mei in Noardske fokus, en dêrnjonken fan ûnder oare muzyk, de premjêre fan de Noarske searje Furia, it nij EcoCinema-programma en fraach-en-antwurd-sesjes. De sfear wie fielber goed. In faak hearde reaksje wie dat minsken it hearlik fûnen om it festival – dat ferline jier net trochgean koe – wer te belibjen.

novimber 15, 2021 08:02
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.