Doktersassistintes ferkeapje falske intersbriefkes

novimber 4, 2021 12:03
Boarne: pixabay.com

Twa Amsterdamske froulju hienen wat tefolle leafde foar Moazes en de profeten. As doktersassistinten hiene hja in leaf bearbeidzje kinnen mei earútspuiterij, it opnimmen fan ‘e telefoan en it meitsjen fan ôfspraken foar dokter sels. Ynstee tocht it harren better en ferkeapje foar grou jild intersbriefkes oan ljuwe dy’t gjin koroanaprip ha woene.

Tsientallen minsken hawwe fan it span in ûnecht faksinaasjebewiis mei stimpels fan ‘e dokterspraktyk krige. De froulju setten har boeveklantsjes ek sûnder bewiis fan ymmuniteit yn ‘e kompjûter en hja koene dêrmei op ‘e snoadfoan of op papier in blokjekoade krije as sabeare bewiis fan yninting. In sinterske negoasje wie it wis net: hja namen fan elke klant tusken de fiifhûndert en tûzen euro.

De froulju fan tritich en ienentritich jier wurken foar deselde dokterspraktyk. Harren misdwaan kaam tafallich oan it ljocht doe’t de plysje ûndersyk die nei hannel yn berûzersguod.

novimber 4, 2021 12:03
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.