Dichter fan Fryslân: Trui

novimber 20, 2021 10:15

Freed 12 novimber waard Sigrid Kingma feestlik beneamd ta Dichter fan Fryslân 2021-2023. ‘Trui’ is it earste gedicht dat sy as Dichter fan Fryslân skreau. Oer de hieltyd heger wurdende gasprizen. De oersetting yn it Nederlânsk fan de dichter sels en de Ingelske oersetting troch Trevor Scarse binne ek werom te lêzen op de webside fan Dichter fan Fryslân fia: www.dichterfanfryslan.frl.

Sigrid Kingma (foto: Reyer Boxem/Boeken fan Fryslân)

Trui

Hoe komt in út de klaai woeksen folk
foarút oars as baggerjend
mienskip smakket smoarger mar
wy wienen net immer einzelgängers
tsjûge de twaris ferhuze ferieningstrui
achter yn de kast.

In âlde wyn blaast:
‘Sels de broek ophâlde
nimmen dy’t de riem straklûkt
striemen fan bemuoisucht waskest der
net ôf en oanmetten swimbantsjes
leare dy gjin skoalslach.’
It is de wrâldferskjinjende selsstandige
dy’t ús nachts út ’e sliep hâldt.

Yn in trui fan in deade klup
soenen wy sa de krisis út stappe wolle.
Hjir bin ik wer!
Dat de fertroude waarmte noch past
skeelt goed in graad oan gas.

Mar wy wolle wat nijs
in frisse wyn en ferwaarme terras
de trui komt werom yn de kast.

Sigrid Kingma | Dichter fan Fryslân

novimber 20, 2021 10:15
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Breimer novimber 22, 16:14

    Moai dat de gedichten ek yn it Nederlânsk te lêzen binne. Wa’t in rigel as “tsjûge de twaris ferhuze ferieningstrui” net goed begrypt, komt der mei “getuige de tweemaal verhuisde verenigingstrui” efter dat ‘tsjûge’ hjir net as haadwurd, mar as tiidwurdsfoarm bedoeld is. Dy tapaste sinskonstruksje komt yn it Frysk net foar. Gjin wûnder dus dat de ynhâld net samar dúdlik is.
    It hat der alles fan dat de Fryske tekst in oersetting fan it Nederlânske gedicht is. Mar ja, dizze Dichter fan Fryslân hat Nederlânsk en Frysk studearre, dat dy sil sa’n ynterferinsje dochs net út de pinne komme?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.