De Wike fan FryslânDOK mei tsien bysûndere dokumintêres
Resint ferskynd
Fan tiisdei 23 oant en mei freed 26 novimber is De Wike fan FryslânDOK. Dan stjoert Omrop Fryslân tsien moaie en bysûndere Europeeske dokumintêres út: ûnferwachte ferhalen mei in oare blik op de wrâld. Fjouwer jûnen efterinoar fan 21.00 oant 23.00 binne twa of trije films te sjen. Dêrnjonken praat Karen Bies mei filmmakkers en filmkenners.
FryslânDOK wol dokumintêres út binnen- en bûtenlân foar it fuotljocht bringe en wurket dêrfoar gear mei it PLONS! Filmfestival en de Europeeske omroporganisaasje Circom.
Sjoch foar mear ynformaasje oer de dokumintêres en de gasten ek op it Facebook-evenemint.

Foto: Omrop Fryslân
- Puberty
- Déconnectés
- Silence of the tides (fragminten)
- No crying at the dinner table
- Ma rue couche-toi là
- Traag naar de Hemel
- Farewell to Music
- La Mouette
- Memre Yu
- The Traffic Separating Device
Klik op de datums foar ynformaasje oer de films en de gasten dy’t oanskowe.
Tink derom:
- De films binne allinnich op ‘e telefyzje te sjen en dus net online.
- Alle films wurde Nederlânsk of Ingelsk ûndertitele.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje